By Omrop
Fryslân lêze wy geregeld dat der in ‘hennep’kwekerij oprôle is. Hennep is
gewoan in hollanisme foar ‘himp’ of ‘hinnep’. Yn Standertnederlânsk is it
hennep, mar yn Súd-Nederlân komt ek ‘kennep’ of ‘kemp’ foar. Oan dy k kin sjoen
wurde dat dit wurd yn 'e fierte noch famylje is fan it wurd ‘kannabis’.
Behalven
foar drugs wurd himp ek as grûnstof foar tou en klean brûkt. De iroanyske
útdrukking ‘immen troch it himpen finster sjen litte’ betsjut immen ophingje;
de strop is nammentlik makke fan himp. Himp is in moai Frysk wurd dat wy net
samar ferfange moatte troch 'hennep', want sis no sels: ‘immen troch it hennepen
finster sjen litte’, dat liket dochs nearne nei?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten