woensdag 6 augustus 2014

Wet gebruik Friese taal

Op 1 jannewaris 2014 is de nije Wet gebruik Friese Taal fan krêft wurden. Dy wet hat ta doel om de lykweardigens fan it Frysk en Nederlânsk yn de provinsje Fryslân te befoarderjen, benammen yn it bestjoerlik ferkear en yn it rjochtsferkear. Guon bepalingen yn dy wet binne net nij. As boarger hienen je al it rjocht om tsjin in bestjoersorgaan (gemeente, provinsje, plysje, belestingtsjinst en gean sa mar fierder) yn it Frysk te praten of skriftlik yn it Frysk te kommunisearjen. Dat in soad organisaasjes net op de hichte wienen fan dy al besteande bepalingen yn de wet, is in oar ferhaal. As boarger hienen jo ek al it rjocht om it Frysk te praten yn de rjochtseal. De Wet gebruik Friese taal kin dus benammen sjoen wurde as in gearfetting fan al besteande rjochten yn ien nije wet. Ofsûnderlike bepalingen oer it Frysk yn de Algemene Wet Bestuursrecht en Wet Friese taal in het rechtsverkeer, binne no net mear nedich.
http://wetten.overheid.nl/BWBR0034047/geldigheidsdatum_06-08-2014

Geen opmerkingen:

Een reactie posten