woensdag 30 juli 2014

Efkes skoftsje

It Frysk hat twa ferlytsingsfoarmen foar wurden dy't útgeane op -ft. Skoft hat bygelyks skoftsje en skoftke (sprek út as ‘skofke’). Yn ’e foarige ieu koe noch in frij dúdlike regionale ferdieling tusken dy beide farianten oanwiisd wurde. Yn it westen fan Fryslân wie it skoftke, want dêr wurdt ferfalt de t (‘skofke’) en dan kriget it ferlytsingswurd -ke. Yn it easten ferfalt de t net, en efter in t kriget in ferlytsingswurd -sje: skoftsje. Dy ferlytsingsfoarmen fan skoft komme beide noch wol foar, mar binne dy noch bûn oan ûnderskate regio's, of komt yn it westen de foarm skoftsje ek hieltyd mear foar?

Geen opmerkingen:

Een reactie posten