woensdag 23 juli 2014

Spoeketaast

‘Spoeketaast’ is it Fryske wurd foar ‘moedervlek’. It Frysk hat ek noch de wurden ‘inkelplak’, ‘leverplak’ en ‘deaplak’. Lykwols neamt hast elk sa'n brún plakje in ‘moederflek’. Troch de bank hat elkenien ûngefear 25 spoeketaasten. Hoewol't de namme ‘moedervlek’ oars suggerearret, ha wy spoeketaasten net al by de berte, mar krije wy dy pas mei ûngefear trije jier. 

Klik op spoeketaast om te sjen wat it Wurdboek fan de Fryske taal seit (set in finkje yn de hokjes ‘subbetekenissen’ en ‘citaten’).

Geen opmerkingen:

Een reactie posten