woensdag 9 juli 2014

Berber

De famkesnamme Berber komt gauris foar yn Fryslân. Op de site fan it Meertens Ynstitút, dêr’t in database fan foarnammen byhâlden wurdt, is te sjen dat de namme Berber yn de provinsje Fryslân mear foarkomt as yn oare Nederlânske provinsjes. Ta fergelyking: yn de gemeente Ljouwert komt de namme Berber 159 kear foar. Yn de gemeente Rotterdam is dat mar 17 kear (sifers 2010). It liket dat Berber in typysk Fryske namme is. At je lykwols sjogge nei de betsjutting fan de namme Berber dan ferwiist it nei de folksnamme ‘Berbers’ yn Noard-Afrika. Op de website heitenmem.nl wurdt der as betsjutting ‘vreemdeling’ oan jûn. Taalbaas is benijd hoe’t it komt dat krekt de namme Berber sa’n soad yn Fryslân foarkomt. Witte jim it?

Voornamenbank Meertens Instituut

1 opmerking:

  1. It is net helendal korrekt dat de namme Berber ferwize soe nei it Berberfolk yn Noard-Afrika. Men kin better sizze dat beide nammen deselde oarsprong hawwe, nammentlik de namme dy’t de Griken joegen oan alle folken dy’t gjin Gryksk praten: barbaroi. Oarspronklik betsjutte dat soks as ‘brabbelers’. Us ‘blablabla’ en it Ingelske ‘rhubarb rhubarb’ binne hast op deselde manier tocht. Letter krige it wurd de betsjutting ‘(ûnbeskaafde) bûtenlanners’ en noch letter ‘ûnbeskaafden’. Yn dy betsjutting is it yn in soad talen te finen.

    De Berbers yn Noard-Afrika wiene yn de eagen fan de âlde Griken ek sa’n ûnfersteanber ‘brabbelfolk’. Dy namme foar dat folk is sa stadichoan troch de hiele wrâld oernaam, al brûke guon Berbers leaver de namme Imazighen, Tamazight ensfh. Yn Nederlân waard it wengebiet fan de Berbers yn Noard-Afrika sels noch oant yn de 19e ieu ‘Barbarije’ neamd.

    Op mear plakken is de namme ‘Berbers’ syn oarspronklik wat beledigjend karakter kwytrekke en koenen minsken har bern in namme jaan dy’t ferwiist nei de folksnamme. ‘Barbara’ is sa’n namme. Der is sels in hillige dy’t sa hyt en dat wie yn kristlike streken fansels ieuwenlang reden om bern nei sa’n hillige te ferneamen. De namme hie allegear regionale farianten, lykas Barbel, Berbel, Barbele, Barber en ek Berber.

    Fryslân is binnen Nederlân frijwat bysûnder trochdat it hast as iennichste streek noch sterk fêsthâldt oan in eigen regionaal nammepatroan. Yn Onze Taal hat dêr in pear jier lyn in artikel oer stien. It is dan ek net sa gek dat just de Fryske foarm Berber noch bestiet, wylst regionale farianten yn oare streken hjoed de dei net folle mear te hearren binne.

    BeantwoordenVerwijderen