woensdag 13 augustus 2014

Moochlik is ek bêst mooglik

Stavering is in kwestje fan regels. Mar om't der yn in protte gefallen mear staveringsregels fan tapassing wêze kinne soenen, is it ek in kwestje fan kiezen. Hokfoar staveringsregel hat de foarkar? In wurd as draachlik wurdt stavere mei in ch foar -lik, omdat de stam fan it tiidwurd drage ek in ch oan ‘e ein hat: ik draach. Yn oare gefallen wurdt foar -lik in g skreaun. Mooglik, deeglik en daagliks krije in g (it giet by dy trije wurden net om de tiidwurdsstam dy't op ch einiget: ‘ik mooch, ik deech, ik daach’, dat kin net!). Mar sprekke wy it g-lûd foar -lik net altyd stimleas (as ‘ch’) út?! Op grûn fan de útspraak is in dúdlike regel as ‘altyd ch foar lik’ dochs bêst mooglik; ja, moochlik.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten