woensdag 5 maart 2014

Stavering of spelling?

It is hjoed-de-dei hiel gewoan om it oer de Fryske stavering te hawwen. Wy staverje wurden en hawwe in staveringshifker. It Nederlânsk hat it lykwols oer spellen, spelling en spellingscontrole. Staverje giet tebek op Aldfrysk 'stavia', in eed dwaan. It Nederlânsk hat noch 'staven': iets met een eed staven.  En yn 'boekstaven' fine wy it ek werom. In 'boekstaaf' waard yn de printerij brûkt: in stêfke dêr't in letter op stiet. 'Stavering' wurdt meast troch skriuwers en wurdboekmakkers brûkt. In hiel âld wurd foar stavering is 'stoaie'. Mar 'spelling' waard fan âlds ek wol yn it Frysk brûkt. Is dat in reden om tenei 'stavering' te ferfangen troch 'spelling'?

1 opmerking:

  1. It wurd stavering ferfange troch spelling is healwiis. dat it wurd spelling ek yn it Frysk wol brûkt waard, wol noch net sizze dat it dus in Frysk wurd wie. Wy moatte dochs gjin âlde ynterferinsjes (wer) ynfiere!

    C. Veenendaal
    Trimbeets

    BeantwoordenVerwijderen