woensdag 12 maart 2014

Heeft Taalbaas nog wat te melden?

In 'sprachbund' is de taalkundige term foar in groep talen dy't allegear wurden en konstruksjes faninoar oernimme. Frysk en Hollânsk binne yn Fryslân ek in soarte fan sprachbund. Talleaze hollannismen yn it Frysk en frisismen yn it Hollânsk tsjûgje dêrfan. Ien sa'n frisisme yn it Fryske Hollânsk kin net-Friezen o sa raar oankomme: it oansprekken yn de tredde persoan. In Hollânsktalige Fries kin soms sûnder euvelmoed oan ús freegje: "Heeft Taalbaas nog wat te melden?", wylst de net-Fries dan net begrypt dat Taalbaas mei dy fraach streekrjocht oansprutsen wurdt.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten