woensdag 26 maart 2014

Melkfee of molkfee

Wa't troch de provinsje rydt sjocht by de boerepleatsen wol ris buorden stean mei 'molkfeebedriuw' en soms ek 'melkfeebedriuw'. In fûstregel by it kiezen foar melk- of molk- is oft it wat te meitsjen hat mei melke (ik melk de ko) of molke (ik drink molke). By melkfee giet it om it fee dat je melke. By molkfee giet it om fee dat molke jout. It meast gongber is melkfee. De Fryske wurdboeken jouwe ek allinnich mar melkfee. Men mei oannimme dat dat de goede Fryske foarm is.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten