Winkel fan Auke Rauwerda, Ljouwert - dêr ferkeapje se grif ek winkelheakken |
donderdag 3 april 2014
Winkel
Wat hat in ‘winkelheak’ mei in ‘winkel’ út te stean? No, in ‘winkel’ wie oarspronklik in ‘hoeke’ en in winkelheak is hoekich. It Dútske ‘Winkel’ hat de âlde betsjutting hieltiten noch. It wurd is besibbe oan it tiidwurd ‘winke’ (swaaie), dat fanâlds ‘nei de sydkant gean’ betsjutte. Ynearsten wie in ‘winkel’ dan ek in hoekje op in plein of yn in gebou dêr't dingen ferkocht waarden. Stadichoan ferskode de betsjutting fan it wurd nei ‘gebou mei in ferkeapfunksje’.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten