woensdag 15 oktober 2014

Tegeltsjeswiisheid

In bekende Fryske tegeltsjeswiisheid skriuwt ús foar om in sinnestriel te wêzen. Opfallend is dat yn dat sechje it belang fan de oar foarop steld wurdt: "Wês in sinnestriel, in oar hat der ferlet fan." Meastentiids wurdt yn gedrachsregels júst it eigenbelang ûnder wurden brocht. Minsken binne nammentlik it bêste oer te heljen ta gedrachsferoaring at se der sels baat by ha. Al yn midsieuske etiketteboeken wurdt stelselmjittich oandacht bestege oan de foardielen fan goed wêze foar in oar.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten