dinsdag 11 augustus 2009

Taalbaas Stavering

Foar it tiidwurd hjirûnder hat it Frysk ek weibringe of weislepe en dat betsjut kwytreitsje. Yn it Hollânsk wurdt verliezen sein, mar it Fryske ferlieze wurdt it meast brûkt by bygelyks in wedstriid of in stjergefal. Wat is de goede skriuwwize: A, B of C?

A. weitoagje
B. weitôgje
C. weitôchje

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 1 augustus 2009

Taalbaas Brûsplak, fringelsk en bierljeppe

Yn in libbene taal ûntsteane alle dagen nije wurden. Brûsplak (plak dêr't it 'brûst' fan nije inisjativen op it mêd fan keunst en kultuer) is sa'n nij wurd of neologisme. En fan in jier as tsien lyn binne wurden as tegeltsjebrêge (brêge mei tegelfoto's fan alvestêderiders) en bearenburchmuseum. En yn of fuort nei de Twadde Wrâldoarloch waarden wurden as jeep, jerrycan en tommy opnaam yn it Frysk. Sa'n hûndert jier lyn wienen wurden as radio en film krekt nij.
Der binne ek nije wurden dy't makke wurde troch twa bekende wurden gear te foegjen of oaninoar te plakken en dêrby wurdt op syn minst in stik fan ien fan dy wurden weilitten. In foarbyld is brunch, dat makke is fan breakfast en lunch (-eakfast en de l fan lunch binne weilitten). Oare foarbylden fan soksoarte fan nijfoarmingen ofwol portemanteaus, binne infotainment, Bollywood, webcam en ambutaxi.
Fryske foarbylden fan portemanteaus binne Fringelsk, dat makke is út Frysk en Ingelsk en betsjut 'Frysk mei Ingelske wurden deryn'. Krekt sa'n wurd is Frollânsk (fan Frysk - Hollânsk): 'Frysk mei Hollânske wurden deryn'. Dan is der noch teatsen as gearlûking fan keatsen en tennis (in sport dy’t yn Wergea útfûn is: keatse mei tennisrackets). Fierders kin ek tocht wurde oan prakketinke (fan prakkesearje en neitinke), dat ek wol wat hat fan in kontaminaasje om't it opboud is út twa wurden dy't synonym binne.

Meitsje se sels!
Dit soarte nije wurden kinne samar ûntstean of makke wurde. Kenne jo foarbylden fan sokke wurden of portemanteaus, dan hearre wy dat graach. Nije, kreative portemanteaus binne ek wolkom. Om jo wat op wei te helpen folget hjir in (ûnsin)foarbyld: bierljeppe 'fierljeppe oer in sleat mei bier'. It wurd is oan jo!

zaterdag 25 juli 2009

Taalbaas Stavering

It yn letters skriuwen fan it telwurd hjirûnder is net ienfâldich. Hoe sit it mei de d’s en de t’s? Net allinnich it skriuwen jout problemen, mar yn de sprektaal heart men it ek gauris ferkeard. Hokker fan de trije wurden hjirûnder is goed stavere?

A. hûnderdtûzend
B. hûnderttûzent
C. hûnderttûzen

Klik hjir foar it goede antwurd

dinsdag 21 juli 2009

Taalbaas Literatuer

Fan wa binne dizze dichtrigels:

“Wy binn’ de humus foar takomstige geslachten,
Strui ús mar oer de ierde, traapje ús mar plat,
Lykwols, ferjit net dat jim bloeiende gedachten
Ut ús de libbenskrêften sûgen fan har lot.”

Fan:
A. Sjoerd Spanninga
B. Gerben Brouwer
C. Marten Sikkema

Klik hjir foar it antwurd

maandag 13 juli 2009

Taalbaas Stavering

De útspraak fan de letterkombinaasje ea is ôfwikseljend it delgeand twalûd lykas yn bear (Hollânsk beer) en it opgeand twalûd lykas yn beammen (útspraak: bjemmen). Dy twa ferskillende twalûden soargje foar in staveringsprobleemke.
Hokker fan de neikommende foarmen is goed stavere?

It goede antwurd is te finen op side .. .

A. allegearre
B. allegjerre
C. allegeare

Klik hjir foar it Antwurd