dinsdag 28 mei 2013

Dei en dage

Ien fan de ferskillen tusken oan de iene kant Frysk en Ingelsk en oan de oare kant Nederlânsk en Dútsk, is dat de g yn de earstneamde talen gauris yn in j-eftich lûd feroare is. Nederlânsk dag en Dútsk Tag is yn it Frysk dei en yn it Ingelsk day. Oare foarbylden binne Frysk meie en Ingelsk (to) may oan de iene kant en Nederlânsk mogen en Dútsk mögen oan de oare kant: Ik mei him wol lije / ik mag hem niet. Yn it Frysk is de feroaring fan g nei in j-eftich lûd net altyd konsekwint trochfierd. Wy hawwe it oer ien dei, mar oer twa dagen. En ik jei en wy jeie op grut wyld, mar do jagest it hynder oer de kop.

woensdag 8 mei 2013

Oates en toates


“Earne oates en toates wêze” (ek wol sein as “hoates en toates wêze”) betsjut dat ien gauris by ien oer de flier komt en dêr o sa wolkom  is, oftewol “kind aan huis”. Hoe’t dy útdrukking ûntstien is, ha ferskate lju har ôffrege, de lêste pear hûndert jier. Der is earder wol tocht dat “oates en toates” te krijen hie mei it eardere wurd foar beppe, dat ús oerlevere is  yn Lemsters oate en Hylpers aete. Mar de oan no ta meast oannimlike ferklearring is dat it te krijen hat mei it Aldfrysk ôtheres dat “oars, fierders” betsjutte. Dat is wer ûntstien út de foarm ôther(e)s-end-ôther(e)s mei de betsjutting fan “wer, jitris, op ‘en nij”.  Ut dy foarm is nei alle gedachten oates en toates ûntstien. In “frjemde” siswize is sa dochs wer te ferklearjen.

donderdag 2 mei 2013

Gearkomste

It wurd 'gearkomste' heart by in fersoarge foarm fan it Frysk, dy't soms as 'gearkomste-Frysk' oantsjut wurdt. Minsken tinke faak dat it giet om in moai, âld wurd dat bedrige wurdt troch it Nederlânske 'fergadering'. Dat is net korrekt. Sterker noch, it is eins oarsom. It wurd 'fergadering' komt út it Hollânsk, mar is al hiel lang yn gebrûk yn it Frysk. Puristen hawwe om 1850 hinne it wurd 'gearkomste' betocht en nuver genôch is dat wurd ridlik suksesfol wurden en wrot it no yn offisjeel gebrûk it âlder 'fergadering' út it stee.

donderdag 25 april 2013

Kening, koaning en keuning

Yn de sprektaal brûke wy foar it Nederlânske wurd ‘koning’ meast ‘koaning’: Willem Alexander wurdt de nije koaning. Yn de skriuwtaal is it almeast kening. En dan bestiet ek noch de wat ûnbekendere foarm  keuning. Kening hat âlde papieren, want yn it Aldfrysk bestie dy foarm ek al. Mar yn it Aldfrysk komt de foarm koning likegoed foar, en der bestie ek in foarm kuning.
It liket derop dat hjoed-de-dei de betsjutting útmakket hokker foarm brûkt  wurdt: kening, koaning of keuning. De (skriuwtaal)foarm kening wurdt dan foaral brûkt foar de foarst dy't oer ús steld is. De winner fan in keatspartij wurdt keazen ta koaning en net ta kening. En de foarm keuning komt yn efternammen foar en wurdt yn it Frysk ek brûkt foar it aailizzende froulik ynsekt by in bijefolk.

Sjoch ek it Wurdboek fan de Fryske taal, by kening
(foar it folsleine artikel in finkje sette by 'subbetekenissen' en 'citaten')

donderdag 18 april 2013

Poaten, klauwen en fikken


It wurd hân is in neutrale oantsjutting foar it lichemsdiel dêr't wy wat mei beetpakke kinne. As immen it rûch sizze wol, dan brûkt er wurden as poat, jat en klau foar hân. Wat opfalt is dat dy trije wurden meast yn it meartal brûkt wurde: 
'Bliuw dêr mei dyn poaten of jatten ôf.' 
'Wa hat dêr no wer mei syn smoarge klauwen oan sitten.' 
Foar fingers bestiet it rûge synonym fikken dat allinnich mar yn it meartal foarkomt: 
'Hy moat mei syn smoarge fikken fan my ôfbliuwe.' 
Ien fik nei immen útstekke is ûnmooglik.