Binne beest en dier itselde? By beide giet it neffens it wurdboek om in net ta it planteryk en minskdom hearrend libben wêzen. Mar sa maklik is it net. Tsjin in dwerse hûn seit men net 'stjoer dat dier fuort', mar 'stjoer dat beest fuort'. En ferlykje ek 'derút sjen as in beest' mei 'derút sjen as in dier'. Bist (ek wol beest) is yn sokke konteksten meast negatyf. Mar as ferlytsingswurd kin it krekt posityf wêze: 'earm beestje, kom mar gau by it baaske' (fan dyselde hûn dy't as beest fuortjage waard!).
'Beest' (ek wol bist) wurdt soms brûkt om 'dier' te mijen, want dier soe in Hollânsk ynslûpsel wêze. Dat is net wier. Al yn it Aldfrysk komt it foar (diār) en oare Germaanske talen hawwe it ek: Tier (Dútsk), djur (Sweedsk), dýr (Yslânsk) en deer (Ingelsk). Yn dy lêste taal wurdt it ynienen in 'falske freon' en is de betsjutting net 'dier', mar 'hart' (Ndl. 'hert').
woensdag 6 juli 2016
woensdag 8 juni 2016
Bûtenboartersdei
Omrop Fryslân seit dat it hjoed 'bûtenboartersdei' is, in moai nij wurd! Fryske bern boartsje, Nederânske bern 'spelen'. Twa hiel ferskillende wurden. It Fryske boartsje is te ferbinen mei it (âldere) Nederlânske 'boerten' of 'boerden', dat 'schertsen, jokken, gekheid maken' betsjut. In 'boert' is in gekheid of in klucht. De oarsprong leit yn it Frânske 'bourde' dat 'bedrieglijke grap, zotternij'. betsjut.
Yn it Frysk is de betsjutting fan 'schertsen, gekheid maken' ferbrede ta 'frij, los, sûnder al te folle regels dwaande wêze'. It 'losse' fan boartsje is moai werom te finen yn in betsjutting as 'tútsjeboartsje', (tútsjend en gekjeiend mei-inoar omgean). Hjoed is it dus bûtenboartersdei, mar op 14 febrewaris is it tútsjeboartersdei!

woensdag 25 mei 2016
It Fryske hynder
It Fryske hynder is populêr oer de hiele wrâld. Mar wer komt it wurd ‘hynder’ wei? Hjoed-de-dei skriuwe en sizze wy meast ‘hynder’, mar earder waarden de foarmen ‘hynsder’ en ‘hynzer’ ek wol brûkt. De s en z yn dy wurden wize nei de oarsprong fan it wurd: it is gearstald út hynst + dier. Yn it Aldfrysk fan foar 1500 waard ‘hynder’ noch sein en skreaun as ‘hengstdiār’. Yn de iuwen dêrnei feroare de útspraak hieltyd mear en is er útkommen by ús ‘hynder’.
Yn it âldere Frysk (en it Aldfrysk fan foar 1500) komme wy foar ‘hynder’ ek ‘hors’ en ‘hoars’ tsjin, dêr’t dúdlik it Ingelske ‘horse’ yn werom te kennen is. Dat âlde ‘hoars’ komt yn ús tiid werom yn de ferfrysking fan ‘nijlpaard’: nylhoars (yn stienkoal-ingelsk ‘nilehorse’, yn echt Ingelsk ‘hippopotamus’).

woensdag 4 mei 2016
Frysk as taal fan de legere sosjale klasse?
“As a regional language in the Netherlands,
Frisian is only spoken by a certain demographic, specifically rural, lower-class
people, in contrast
with the Dutch speaking upper-class.”
Boppesteande sin is gjin
provokaasje fan Taalbaas, mar in sin dy’t te finen is op de Ingelske Wikipedia
dy’t oer de Fryske taal giet. De referinsje fan it boppesteande sitaat ferwiist
nei in artikel troch Pieter van der Plank (Frisian
language use and ethnic identity) út 1987. Jaja, in tige aktuele boarne. De
status fan talen binne altyd in ûntwikkeling en kinne nea fêst set wurde sa as
op dizze wize dien wurdt. It soe dêrneist ynhâlde dat heger oplate minsken
(hast) gjin Frysk prate.
It wurdt tiid dat it grutte taalûndersyk fan de Fryske Akademy útkomt én dat dizze passaazje op Wikipedia oanpast wurdt!
It wurdt tiid dat it grutte taalûndersyk fan de Fryske Akademy útkomt én dat dizze passaazje op Wikipedia oanpast wurdt!
dinsdag 26 april 2016
De ranja komt jin ta de noas út
Oranjebitter is in tradisjoneel 'keningsdrankje', mar wurdt it oranjekleurige drankje ranja noch wol dronken? Ranja is in tsjokke, sûkerige en plakkerige floeistof dy't oanlinge wurdt mei wetter. Oarspronklik wie it in merknamme fan de firma Polak út Grins, dy't it drankje sawat 100 jier yntrodusearre. De namme is mooglik in ferbastering fan 'orangeade', in âld wurd foar sinesapellimonade, of it komt fan 'naranja', it Spaansk wurd foar sinesapel.
De 'a' wurdt meast útsprutsen as de 'a' yn 'kanne' of 'Jan'. Fierder komt by it útsprekken de ranja jin om samar te sizzen ta de noas út: de útspraak fan de 'nj' fan ranje giet troch de noas, krekt as yn 'anjer', 'franje' en ... 'oranje'.

Abonneren op:
Posts (Atom)