Ongeacht oppenearret him gauris yn min
Frysk.
Dochs is der in moai Frysk wurd foar: likefolle.
Sjoch mar:
Dochs is der in moai Frysk wurd foar: likefolle.
Sjoch mar:
ongeacht
wat voor weer het is - likefolle hokfoar waar it is
ongeacht wie het wint - likefolle wa’t it wint
ongeacht wie het wint - likefolle wa’t it wint
Noch
in stapke fierder en wy lûke likefolle gear mei it fraachwurd:
lykfolwa’t
it wint, Trump of Clinton
lykfolwat er docht
lykfolwêr’t se wenje
lykfolwat er docht
lykfolwêr’t se wenje
Oer likefolle
sprutsen, it kin ek brûkt wurde foar: dat makket my net út. Dat wurdt
dan: dat is my likefolle.
En sa
bedarje wy fansels by wat plattere taal: it is de boer likefolle oft de ko
skyt of de bolle.
Sadwaande:
ongeacht = likefolle.Gastbydrage fan Eric Hoekstra