Ongeacht oppenearret him gauris yn min
Frysk.
Dochs is der in moai Frysk wurd foar: likefolle.
Sjoch mar:
Dochs is der in moai Frysk wurd foar: likefolle.
Sjoch mar:
ongeacht
wat voor weer het is - likefolle hokfoar waar it is
ongeacht wie het wint - likefolle wa’t it wint
ongeacht wie het wint - likefolle wa’t it wint
Noch
in stapke fierder en wy lûke likefolle gear mei it fraachwurd:
lykfolwa’t
it wint, Trump of Clinton
lykfolwat er docht
lykfolwêr’t se wenje
lykfolwat er docht
lykfolwêr’t se wenje
Oer likefolle
sprutsen, it kin ek brûkt wurde foar: dat makket my net út. Dat wurdt
dan: dat is my likefolle.
En sa
bedarje wy fansels by wat plattere taal: it is de boer likefolle oft de ko
skyt of de bolle.
Sadwaande:
ongeacht = likefolle.Gastbydrage fan Eric Hoekstra
In aardige, nijsgjirrige bydrage oan Taalbaas, al is der dochs in puntsje fan krityk.
BeantwoordenVerwijderenNei likefolle folget in bysin en dan moat der dus in bynwurd brûkt wurde: oft, dat, of ferkoarte ta ’t.
Ferfang likefolle troch it sintsje 'it makket neat út' en it is fuort dúdlik.
It makket neat út, wa’t (wa dat, wa oft) it docht. Yn ’e earste foarbyldsin fan Eric Hoekstra syn stikje is dy ferbining fergetten: likfolle hokfoar waar oft it is. ferlykje mar mei: it makket neat út, hoe let oft er komt.
Yn ’e oare foarbylden is de ’t al, en mei rjocht, brûkt.
It soe moai wêze as der meigauwens wer in nije gastbydrage komt; Soe Eric ien freegje wolle?
Mei tank en groetnisse,
Ed