woensdag 30 november 2016

'mei ’k net!'


Hoe frustrearjend kin it wêze: alles út ’e kast helle om se in lekker miel iten foar te setten en dan roppe de bern ‘mei ‘k net’. En heit of mem ropt dan: ‘Wat binne jim sinnich!’ Net allinnich bern binne ‘sinnich’, grutte minsken helje har de noas ek op foar soms it lekkerste iten. Of it moat krekt sa en sa klearmakke wêze en optsjinne wurde. 
Oare wurden foar sinnich binne pluzerich, iensettich, kiezzich, griisitich, piuwich, piz(er)ich en tier. Om te fersterkjen wurdt wol sein dat immen sa tier as in murd is, of: ‘meist dat ek al net, wat bist ek in tiere murd!’. Binne der noch mear wurden foar sinnich? En binne der ek lêzers fan bûten de Wâlden dy’t de ferbining ‘tiere murd’ foar sinnich persoan kenne?

Geen opmerkingen:

Een reactie posten