Drank kin taboe wêze. Drank makket dingen stikken. Drank soarget foar wille en en gesellichheid. Dy gefoelswearden fan drank binne ek werom te finen yn de alternative wurden of omskriuwingen dy’t foar sterke drank en yn it bysûnder foar jenever betocht binne.
Foar ‘sterke drank’ jout it Frysk Hânwurdboek de folgjende synonimen: drip, ferheuging, graantsje, huffe, nipperke, nullesmoar, opfleuring, piereferskrikker, propke, rumoerpil, rutsje, skeetsje, slok, slokje, snaps, spatsje, sûpke, trammelantsje, wipke, wipperke, wjirmferskrikker
En jenever wurdt omskreaun of beneamd mei: brânde koarn, in fikse Hubert (in fikse skoat jenever), in hubert-en-’wobke (jenever mei anys), Jan Doedel, in jongenien, kleare, klearebare, in skjinne, skjinnenien, sniebal (slokje besteand út jenever of brandewyn mei sûker), en ‘tsjitskemuoi’. Dat wie in frou dy't drank skonk en har namme wurdt hjir en dêr ek brûkt foar jenever.
Safolle slokjes, safolle wurden!
dinsdag 23 februari 2016
woensdag 10 februari 2016
Adamje en ezelje?
Der binne twa wurden foar ‘wurk dwaan’: arbeidzje en wurkje. Fan âlds is arbeidzje mear mei de lea wurkje: hja arbeidet op it lân. Wurkje is dan gewoan ‘wurk dwaan’: hy wurket op in kantoar, mei de kompjûter. Tsjintwurdich is dat ferskil wat weifallen.
It Frysk hat foar swier, hurd, oanhâldend arbeidzje allegear ferkillende wurden: adamje, bealgje, beune, ezelje, hûdzje, ploegje, ploeterje, poddebûkje, slaavje, wjirmje, wrame, wrotte.
Tige hurd wurkje of arbeidzje: kromlizze, ôfbeune, ferbeule, ôfbealgje, ôfbeule, jin de neilen fan 'e teannen of fingerseinen skreppe en arbeidzje as in ezel, hynder, wyld, wriggert.
Men kin ek te fûl arbeidzje, dat de sûnens der ûnder lijt, dat neame wy: jin dea-ezelje, deabealgje, deamoardzje, jin lam arbeidzje.
In noflike wurkdei fierder!

woensdag 3 februari 2016
Dit pear of dy pear
Wat sizze
jo? 'Der sit in pear einen yn 'e fiver', of: 'Der sitte in pear
einen yn 'e fiver'. Yn de earste sin kin in ferfongen
wurde troch ien en giet it om ien pear einen (twa dus) en yn de
twadde sin giet it mear om de einen, mar dan in lyts oantal
(inkelde).
Yn de sin ‘dy pear sinten sille net
folle helpe’ wurdt it lytse oantal bedoeld en yn ‘dat pear skuon sit
my sa noflik’ giet it om twa (byinoar passende) skuon.
Noch twa foarbylden: it oantal spilers yn in fuotbalteam is alve; in oantal spilers dy't diskwalifisearre binne, hawwe protest oantekene.
Noch twa foarbylden: it oantal spilers yn in fuotbalteam is alve; in oantal spilers dy't diskwalifisearre binne, hawwe protest oantekene.
Dit lêste pear
foarbylden is faaks genôch om de problematyk fan dizze pear
foarbylden sjen te litten.
maandag 18 januari 2016
Blue Monday
Hjoed 18 jannewaris is it Blue Monday. Sûnt 2009 hawwe wy alle jierren sa'n deprimearjende moandei, dat alles ôffalt, tsjinsit en misrint. De put is dy deis it populêrste plak om yn te sitten. En it is noch wol wittenskiplik bepaald mei formule en al!
Der bestiet ek in echte blauwe moandei of blaumoandei: de moandei foar Jiskewoansdei (Aswoensdag), in katolike feestdei yn febrewaris-maart, oan it begjin fan de 40-dagetiid. In frije dei! Blaumoandei betsjut ek in koart skoftsje tiid: sy hat in blaumoandei by de Fryske Akademy wurke.'Blaumoandeihâlde' is in dei frij nimme en ien dy't dat docht is in 'blaumoandeihâlder'. Elk dy't hjoed lêst hat fan 'blue monday' moat mar efkes blaumoandeihâlde!

woensdag 6 januari 2016
Folle lok en seine
Abonneren op:
Posts (Atom)