dinsdag 23 februari 2016

Tefolle slokjes?

Drank kin taboe wêze. Drank makket dingen stikken. Drank soarget foar wille en en gesellichheid. Dy gefoelswearden fan drank binne ek werom te finen yn de alternative wurden of omskriuwingen dy’t foar sterke drank en yn it bysûnder foar jenever betocht binne.
Foar ‘sterke drank’ jout it Frysk Hânwurdboek de folgjende synonimen: drip, ferheuging, graantsje, huffe, nipperke, nullesmoar, opfleuring, piereferskrikker, propke, rumoerpil, rutsje, skeetsje, slok, slokje, snaps, spatsje, sûpke, trammelantsje, wipke, wipperke, wjirmferskrikker
En jenever wurdt omskreaun of beneamd mei: brânde koarn, in fikse Hubert (in fikse skoat jenever), in hubert-en-’wobke (jenever mei anys), Jan Doedel, in jongenien, kleare, klearebare, in skjinne, skjinnenien, sniebal (slokje besteand út jenever of brandewyn mei sûker), en ‘tsjitskemuoi’. Dat wie in frou dy't drank skonk en har namme wurdt hjir en dêr ek brûkt foar jenever.
Safolle slokjes, safolle wurden!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten