woensdag 3 februari 2016

Dit pear of dy pear



Wat sizze jo? 'Der sit in pear einen yn 'e fiver', of: 'Der sitte in pear einen yn 'e fiver'. Yn de earste sin kin in ferfongen wurde troch ien en giet it om ien pear einen (twa dus) en yn de twadde sin giet it mear om de einen, mar dan in lyts oantal (inkelde). 
Yn de sin ‘dy pear sinten sille net folle helpe’ wurdt it lytse oantal bedoeld en yn ‘dat pear skuon sit my sa noflik’ giet it om twa (byinoar passende) skuon.
Noch twa foarbylden: it oantal spilers yn in fuotbalteam is alve; in oantal spilers dy't diskwalifisearre binne, hawwe protest oantekene.
Dit lêste pear foarbylden is faaks genôch om de problematyk fan dizze pear foarbylden sjen te litten.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten