maandag 7 maart 2016

Knyntsjedagen

Mei de izel yn begjin jannewaris krigen in soad minsken samar in knyntsjedei kado, om't se net op it wurk of op skoalle komme koenen. Wêr komt dat wurd knyntsjedei eins wei? De oarsprong fan dat wurdt sit him nei alle gedachten yn it soargeleaze bestean dat knyntsjes hawwe. It Frysk hat ek de aktiviteit 'knyntsjeboartsje', wat betsjut dat je fleurich achterinoar oan huppelje en springe. Fierders is der it wurd 'knyntsjelibben', dat in lui libben oantsjut. It wurd 'knyntsjedagen' wurdt ek wol brûkt as it oer fakânsje giet: 'de knyntsjedagen binne wer foarby'.

Sjoch ek Wurdboek fan de Fryske Taal

Geen opmerkingen:

Een reactie posten