woensdag 23 maart 2016

Is der wat mei Dokkumers?

Der is net in stêd of doarp yn Fryslân of der is in skelnamme foar de ynwenners: Rottefalsters knopefretters, Hallumer koekefretters, Snitser weakskiters, Dokkumer granaten.
Foaral mei Dokkum en de Dokkumers is wat oan ‘e hân. Dokkumer ljirre is hynstefleis en Dokkumer flut is slappe tee. Dokkumers binne aardich ferneamd om har ferûnderstelde domheid, want in ‘dokkumer’ is in ferhaal dêr't de ynwenners fan Dokkum in ûnnoazele rol yn spylje. Dêrom wurdt ek sein ‘der is mar ien Dokkum, mar Dokkumers fynt men oeral’ (ûnnoazele minsken binne oeral te finen). Ek by it skellen komme de Dokkumers nei foaren: ‘kloat fan Dokkum!’ (grutte suffert!). En as men efkes nei Dokkum ta moat, moat men pisje en dat komt dan wer omdat men sa dronken is  as Dokkum!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten