It Frysk hat hiel wat wurden om hoemannichten (‘hoeveelheden’) mei oan te tsjutten. Bestelle jim wolris in kladde drop of in snies aaien? Dan krijst at it goed is in papieren pûde drop of in twintichtal aaien. Wa't aardich wat fan eat ha wol, kin freegje om in nust. Of júst om in nustje, dan giet it om in bytsje. It Frysk hat ek it haadwurd kroadfol. At je in kroadfol ierappels keapje, dan keapje je safolle as yn in kroade passe. Yn 'e selde kategory ha we bûsfol, amerfol, kuorfol, fingerhoedsfol en putsfol (in puts is in ammerke oan in tou om wetter mei te putten). Foar in grutte hoemannichte ha we ek it wurd knoarre. Foar in lytse poarsje kinne de wurden flut en stealtsje brûkt wurde.
Sykje yn it Wurdboek fan de Fryske taal
vrijdag 23 januari 2015
woensdag 14 januari 2015
Ferstiet jo hûn gjin Frysk?
“Kom hierrrrr”, “pak die bal”, “ga af”, “blijf”. Hearre jim dit ek al gauris yn jim omjouwing? It is opfallend dat minsken dy’t o sa Frysk binne, dochs faak Hollânsk prate tsjin harren hûn. Is dat de ‘Martin Gausisearring’ fan de hûnetaal? Of komt it Hollânsk gewoan stranger oer, krekt sa’t minsken dy’t strang wêze wolle, der ris in pear wurden Dútsk út smite. Of komt it trochdat je as hûnebesitter gauris op kursus gean?
In hûn begrypt ommers net de taal sels, mar de klanken fan de taal en de toan dêr’t wy dingen op sizze (bygelyks freonlik of lilk). Dan makket it dus neat út: in hûn kin dus likegoed it Frysk ‘ferstean’. Taalbaas is benijd oft dit in typysk ferskynsel is yn Nederlân of dat yn it bûtenlân ek allinnich yn de nasjonale taal tsjin de hûn praat wurdt. Prate jim wol Frysk tsjin jim hûn? Lit it ús dan ek efkes witte!
In hûn begrypt ommers net de taal sels, mar de klanken fan de taal en de toan dêr’t wy dingen op sizze (bygelyks freonlik of lilk). Dan makket it dus neat út: in hûn kin dus likegoed it Frysk ‘ferstean’. Taalbaas is benijd oft dit in typysk ferskynsel is yn Nederlân of dat yn it bûtenlân ek allinnich yn de nasjonale taal tsjin de hûn praat wurdt. Prate jim wol Frysk tsjin jim hûn? Lit it ús dan ek efkes witte!
vrijdag 9 januari 2015
Sitte jo wolris te stean?
De doar sit ticht of de doar stiet iepen. In timmerman wit dat in doar (yn de knieren) hinget; in doar ôfhingje is in sekuer wurkje. Hoe sit dat no? It sil fan ferskate (taalkundige) faktoaren ôfhingje. It leit him faak oan wat it taaleigen ús ynjout. In doar of in finster hinget b.g. bryk yn it kezyn, mar as de saak op 't slot sit, sit der gjin beweging yn. In iepensteande doar stiet faaks gastfrij, mar likegoed kin men sizze dat it 'ûngesellich' stiet (en dêr sit wat yn, fansels). De skeanprinte wurden jouwe in posysje oan, mar in dúdlike betsjutting is dreech te omskriuwen. Dat nije pak stiet him kreas, mar de strik sit wat bryk, earlik sein hinget dy der mar wat sleau by. De foarbylden lizze foar it opkrijen; de taal sit der fol mei.
dinsdag 23 december 2014
Taaldiskriminaasje yn de eardere Sovjet Uny
Op it stuit is de politike situaasje fan Oekraïne in soad yn it nijs. Wat net in soad yn it nijs is, is dat it konflikt ek in grutte taalkomponint hat. Oekraïne wie jierrenlang part fan de Sovjet Uny west. It seit himsels dat der dêrom in soad minsken wenje dy't Russysk prate. Lykwols wurde minsken dy't Russysk sprekke slim diskriminearre en it is faak ferbean om Russysk te praten. Dat set kwea bloed by de Russysktaligen. In selde soarte fan ûntjouwing fine wy yn Letlân. 40% fan de befolking dêr praat Russysk. Yn de tiid fan de Sovjet Uny waard it Letsk krekt as de oare minderheidstalen ûnderdrukt. No is in omkearde beweging oan de gong en wurde de Russysktaligen diskriminearre. Sa mei it Russysk fan 2018 ôf net mear op skoalle brûkt wurde en geane de skoallen dy't yn it Russysk dosearje ticht. De Russysktaligen fiele harren oantaast yn harren identiteit en it ropt in soad wjerstân op. Foardat je it witte bart yn Letlân itselde as wat no yn Oekraïne bart. It is net foar neat dat lannen dêr't de minste konflikten binne, lannen binne dy't yn harren taalbelied positive oandacht hawwe foar minderheidstalen.
woensdag 3 december 2014
Lishoarnen út Livorno?
Guon
wurden binne sa ferbastere dat je de oarspronklike wurden net mear weromkenne:
Yn en om Drachten sizze de minsken tusearte foar (griene) beantsjes. Dat komt
fan Turkse earte. Stynske weet is mais en komt fan Eastynjeske weet
(‘Oostindische tarwe’). ‘Leg’ yn it Nederlânske ‘leghorn’ hat neat mei ‘leggen’
(lizze, aaien lizze) te meitsjen, nee it hinneras ‘leghorn’ is in ferbastering
fan de Italiaanske plaknamme Legorno (hjoed-de-dei bekend as Livorno). Gouden
lyskes binne apels fan it ras golden delicious. En titelroas (‘narcis’) komt
fan ‘tideloas’ dat wer fan it Nederlânske ‘tijloos’ komt (fgl. ‘herfsttijloos’).
Abonneren op:
Posts (Atom)