vrijdag 9 januari 2015

Sitte jo wolris te stean?

De doar sit ticht of de doar stiet iepen. In timmerman wit dat in doar (yn de knieren) hinget; in doar ôfhingje is in sekuer wurkje. Hoe sit dat no? It sil fan ferskate (taalkundige) faktoaren ôfhingje. It leit him faak oan wat it taaleigen ús ynjout. In doar of in finster hinget b.g. bryk yn it kezyn, mar as de saak op 't slot sit, sit der gjin beweging yn. In iepensteande doar stiet faaks gastfrij, mar likegoed kin men sizze dat it 'ûngesellich' stiet (en dêr sit wat yn, fansels). De skeanprinte wurden jouwe in posysje oan, mar in dúdlike betsjutting is dreech te omskriuwen. Dat nije pak stiet him kreas, mar de strik sit wat bryk, earlik sein hinget dy der mar wat sleau by. De foarbylden lizze foar it opkrijen; de taal sit der fol mei.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten