vrijdag 12 juli 2013

Dêr't de dyk it lân omklammet



  1. Yn it doarp dêr't er opgroeid is, wie mar ien skoalle.
  2. Wêr't er opgroeid is, wit ik net.
Yn de earste sin brûke wy dêr't, want it ferwiist nei doarp en yn de twadde sin stiet wêr't om't net bekend is wêr't it nei ferwiist: it kin fan alles wêze, yn in doarp of in stêd, of yn in oar lân. It bekende liet It Heitelân begjint mei dêr't de dyk it lân omklammet. Dêr wurdt it plak fan ferwizing ek net neamd, mar it plak is net alhiel ûnbeskaat. Der wurdt eins bedoeld: op it plak dêr't, ferlykje it Hollânske daar waar.
Yn it bûsboekje stiet by wike 6 de siswize: Wêr't wurden tekoartsjitte, sprekt de muzyk. Bedoeld wurdt fansels wannear't, op it stuit dat, of op it plak dêr't. Soe it om dy lêste mooglikheid út te drukken net better wêze om net wêr't, mar dêr't te brûken: daar waar?

donderdag 4 juli 2013

Whatsapp-aap en Facebook-bear?


As bern waarden wy warskôge om foaral goed op te passen. En ast al ris oer de skreef gean soest, dan kaamst yn de gefangenis en dan krigen je brea mei kikkerts. En as bern moasten je jûns as it tsjuster waard gau yn de hûs komme, want efter de hage sieten de kilekanen! Sokke warskôgings wurde ek wol berneskrik neamd. Mear foarbylden derfan binne de wâlhûn, in tinkbyldige hûn dy't bern yn it wetter lûke soe en Jeltsje-mei-it-kealtsje, in net-besteande frou dy't yn it nôt tahâlde soe. Hoe wurde de bern tsjintwurdich bang en benaud makke? Miskien mei de whatsapp-aap, de pingpakker of de facebook-bear dy't jin troch it skerm de smartphone ynlûkt?

vrijdag 28 juni 2013

Ferstrûpt en fertiisd


It earste part fan it wurd striptease is foar Frysktaligen hiel ienfâldich te begripen: Strippe is strûpe. Wy hawwe ek ferstrûpe en útstrûpe. Mar leit it twadde part ek sa foar de hân? Tease wurdt útsprutsen as tiis en reitsje wy yn dit ferbân ek yn 'e tiis? To tease betsjut pleagje, narje, mar to tease out is ek útinoar tiizje. De tinzen kinne ús yn 'e holle om tiizje. Yn 'e tiis en út 'e tiis kinne beide yn kombinaasje mei (al dûnsjend) de klean útstrûpe wol hiel tapaslik wêze.
Ingelsk en Frysk lizze soms beskamsum ticht byinoar.

dinsdag 28 mei 2013

Dei en dage

Ien fan de ferskillen tusken oan de iene kant Frysk en Ingelsk en oan de oare kant Nederlânsk en Dútsk, is dat de g yn de earstneamde talen gauris yn in j-eftich lûd feroare is. Nederlânsk dag en Dútsk Tag is yn it Frysk dei en yn it Ingelsk day. Oare foarbylden binne Frysk meie en Ingelsk (to) may oan de iene kant en Nederlânsk mogen en Dútsk mögen oan de oare kant: Ik mei him wol lije / ik mag hem niet. Yn it Frysk is de feroaring fan g nei in j-eftich lûd net altyd konsekwint trochfierd. Wy hawwe it oer ien dei, mar oer twa dagen. En ik jei en wy jeie op grut wyld, mar do jagest it hynder oer de kop.

woensdag 8 mei 2013

Oates en toates


“Earne oates en toates wêze” (ek wol sein as “hoates en toates wêze”) betsjut dat ien gauris by ien oer de flier komt en dêr o sa wolkom  is, oftewol “kind aan huis”. Hoe’t dy útdrukking ûntstien is, ha ferskate lju har ôffrege, de lêste pear hûndert jier. Der is earder wol tocht dat “oates en toates” te krijen hie mei it eardere wurd foar beppe, dat ús oerlevere is  yn Lemsters oate en Hylpers aete. Mar de oan no ta meast oannimlike ferklearring is dat it te krijen hat mei it Aldfrysk ôtheres dat “oars, fierders” betsjutte. Dat is wer ûntstien út de foarm ôther(e)s-end-ôther(e)s mei de betsjutting fan “wer, jitris, op ‘en nij”.  Ut dy foarm is nei alle gedachten oates en toates ûntstien. In “frjemde” siswize is sa dochs wer te ferklearjen.