It meartal fan politikus hat in Latynske foarm, mar moat al neffens de Fryske staveringsregels skreaun wurde. Just, mar hoe dan? Is it A, B of C?
A. politici
B. politisi
C. politisy
Klik hjir foar it goede antwurd
zaterdag 17 april 2010
zaterdag 10 april 2010
Taalbaas: Brúnsma, Fan der Mar en Hiemstra
De kâns is grut dat jo immen kenne dy't as efternamme Bruinsma, De Bruin of Dijkstra hat. Dy nammen wurde troch Frysktaligen útsprutsen as Brúnsma (mei lange nasale ú), De Brún of Dykstra. De grûnwurden bruin en dijk binne yn dy nammen dúdlik werom te finen, yn it Frysk: brún en dyk. Oare nammen dy't yn de útspraak oanpast wurde binne Boonstra-Boanstra (twalûd -oa-) en Jansma-Jânsma (mei lang nasaal â-lûd). Hoewol't it offisjeel mooglik is om dy nammen sa ek te registrearjen, wurdt dat amper of net dien. Brúnsma of De Brún sjocht men komselden op skrift. In strúntocht op it ynternet leveret foar de earste namme noch gjin hûndert fynplakken op, wylst syn Hollânske wjergader Bruinsma mear as 400.000 fynplakken hat. Dat sifer is wol wat fertekene om't Bruinsma ek bûten Fryslân foarkomt.
Yn de Fryske literatuer komt it ferfryskjen fan sokke nammen geregeld foar. Auteurs as Thys Kuiper (útsprutsen as Kuper), Tiny Mulder, Durk van der Ploeg en Paulus Akkerman litte Brúnsma's opdrave yn har boeken en ek de Brúnsma's fan it ynternet komme gauris út toanielstikken.
It falt op dat allinnich de lûding oanpast wurdt en dat de eleminten dêr't in namme út bestiet net 'oerset' wurde. Dat docht al bliken út Kuiper-Kuper: de -ui- wurdt in -ú-, mar yn it Frysk is in kuiper in kûper. Van der Meer of Straatsma ferskine ek net as Fan der Mar of Strjitsma.
By de registraasje fan efternammen yn 1811 binne meast Nederlânske foarmen opskreaun. Mar der binne ek skaainammen mei Fryske eleminten: Hiemstra en Soepboer. Yn de lêste namme ferwiist soep nei sûpe en net nei Nederlânsk soep.
In efternamme is in eigennamme en foarmet mei de persoan dy't him draacht in unyk wêzen.
Soene jo in Fryske efternamme ha wolle?

maandag 29 maart 2010
Taalbaas Stavering: Hok, bok en bak
Hoe kinne wy op papier oanjaan, hoe’t ús taal klinkt?
In staveringssysteem mei letters dy’t mei de ferskillende klanken korrespondearje liket ienfâldich, mar der binne al wat probleemkes.
Sa hawwe wy yn it Frysk in lûd dêr’t gjin eigen teken foar is en dat is it lûd yn hok. Dat lûd leit tusken de o fan bok en de a fan bak yn. Yn wurdboeken wurdt de útspraak fan hok ferdúdlike mei in ɔ.
Op it lêsplankje fan aap-noot-mies stie eartiids in punt of in plat streekje op de o fan hok. Dêr moasten de bern út begripe dat dy o oars útsprutsen wurde moast as dy fan bok. Wat it Hollânsk oanbelanget is der suver net ien mear dy’t him om dat ferskil bekroadet. Mei it ferdwinen fan it lêsplankje en it ûntbrekken fan in aparte letter liket dy klank ek ferdwûn.
Yn it Frysk is dat lûd noch altyd te hearren. As wy it oer sokke sokken hawwe, dan binne der twa ferskillende o-lûden te hearren: sokke mei de o fan bok betsjut zulke en sokken mei de o fan hok hawwe wy oan de fuotten. Mei dy lûden wurdt dus in betsjuttingsûnderskied útdrukt. It spitige is, dat der op skrift gjin ferskil te sjen is.
En it wurdt noch lestiger, want it o-lûd (ɔ) wurdt ek sein yn man, jas en noch folle mear wurden dêr’t de a folge wurdt troch in s, l, d, t of n.
It Frysk is in klankrike taal, mar hoe passe wy de stavering dêr by oan? Moat der in letter (of letterkombinaasje) bybetocht wurde, of hâlde wy it by o en a as werjefte fan de trije lûden o, a en ɔ? Hok, bok en bak

zaterdag 20 maart 2010
Taalbaas: Sadat
Okkerlêsten kaam der in fraach by de Afûk yn oer it wurd sadat: “Dat bynwurd (voegwoord) wurdt hieltyd mear brûkt yn stee fan sadwaande. Mei dat wol?”
Ynearsten tinkt men: mei sadat is neat mis, mar by neier ynsjen binne der wol reden om der noch efkes langer by stil te stean. In foarbyld fan in sin mei sadat is: Juster wie it min waar, sadat we net bûten sitte koene. Mar men kin yn it Frysk ek sizze: Juster wie it min waar, sadwaande koene we net bûten sitte. Of: Juster wie it min waar, dat we koenen net bûten sitte.
As we de wurdboeken der op neislane, sjogge we dat sadat al sûnt lang yn it Frysk bestiet: neffens it Woordenboek der Friese taal is it al yn 1810 optekene. It is lykwols lang as minder gongber yn it Frysk beskôge. Douwe Tamminga seit oer sadat yn syn Op ’e taelhelling II (1973): “It bynwurd ‘sadat’ (Ned. ‘zodat’) bestiet yn it Frysk wol, al moat der by sein wurde dat it yn ús omgongstaal net bot yn trek is”. Yn it Frysk Wurdboek fan de Fryske Akademy (1985) wurdt it yn it Nederlânske part mijd en oerset mei ‘dat’ en ‘sadwaande’. Yn it nije Frysk Hânwurdboek fan 2009 wurdt it gewoan lykas alle oare bynwurden neamd.
Dat en sadwaande komme fan âlds mear yn de omgongstaal foar. It liket derop dat ûnder ynfloed fan it Nederlânske zodat ek sadat ûntstien is en yn de rin fan de tiid hieltyd mear brûkt wurden is. Sadat stiet wat betsjutting oangiet op deselde hichte as dat en sadwaande. As men lykwols tichter by it Frysk bliuwe wol, kin men better dat en sadwaande brûke.

dinsdag 16 maart 2010
Taalbaas Stelling
Fryske bewegers ien grutte famylje?
By syn oanstelling as heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit yn Grins hat dr. Goffe Jensma de posysje fan de Fryske beweging op it aljemint brocht. Hoe sjogge Friezen fan hjoed de dei nei it Frysk-kulturele fermidden? Is dat lykas yn de neikommende stelling?
“It giet Fryske bewegers allinnich mar om Friezen it idee te jaan dat hja mei-inoar ien grutte famylje foarmje.” Mei iens of net mei iens? Jou jo miening!

Abonneren op:
Posts (Atom)