maandag 29 maart 2010

Taalbaas Stavering: Hok, bok en bak

Hoe kinne wy op papier oanjaan, hoe’t ús taal klinkt?
In staveringssysteem mei letters dy’t mei de ferskillende klanken korrespondearje liket ienfâldich, mar der binne al wat probleemkes.
Sa hawwe wy yn it Frysk in lûd dêr’t gjin eigen teken foar is en dat is it lûd yn hok. Dat lûd leit tusken de o fan bok en de a fan bak yn. Yn wurdboeken wurdt de útspraak fan hok ferdúdlike mei in ɔ.

Op it lêsplankje fan aap-noot-mies stie eartiids in punt of in plat streekje op de o fan hok. Dêr moasten de bern út begripe dat dy o oars útsprutsen wurde moast as dy fan bok. Wat it Hollânsk oanbelanget is der suver net ien mear dy’t him om dat ferskil bekroadet. Mei it ferdwinen fan it lêsplankje en it ûntbrekken fan in aparte letter liket dy klank ek ferdwûn.

Yn it Frysk is dat lûd noch altyd te hearren. As wy it oer sokke sokken hawwe, dan binne der twa ferskillende o-lûden te hearren: sokke mei de o fan bok betsjut zulke en sokken mei de o fan hok hawwe wy oan de fuotten. Mei dy lûden wurdt dus in betsjuttingsûnderskied útdrukt. It spitige is, dat der op skrift gjin ferskil te sjen is.

En it wurdt noch lestiger, want it o-lûd (ɔ) wurdt ek sein yn man, jas en noch folle mear wurden dêr’t de a folge wurdt troch in s, l, d, t of n.
It Frysk is in klankrike taal, mar hoe passe wy de stavering dêr by oan? Moat der in letter (of letterkombinaasje) bybetocht wurde, of hâlde wy it by o en a as werjefte fan de trije lûden o, a en ɔ? Hok, bok en bak

1 opmerking:

  1. Os wy/wij ut Frysk staaverje sûene sa't wij ut útsprekke, don sûe ut dur sá útsjen. Ut lyket wot núúver, mar mun kin ek sizze: wij geane dêrta ûer wont ut sil gau genôch wenne. Lykwóls, don muat/mat dur earst un olgemyene útspraak ôpraat/oupraat wurde, un stondertútspraak dus, en dêrnai mat elk him dêr oan hâde/hôde.

    It boppesteande is té revolúsjonêr en té yngripend, haw ik soarch. It liket my de baas en lit it mar sa, want sá ûnlogysk en dreech is de stavering fan hjoed no ek wer net dat net elk it leare kin. En dêrby, wy moatte ek rekken hâlde mei de stavering fan de gruttere germaanske talen om ús hinne: Ingelsk, Dútsk en Nederlânsk, dêr't it Frysk ommers oan besibbe is.

    In lytse oanpassing soene wy oars wol yn ús omgean litte kinne: foar it boklûd tenei ó te skriuwen, mar allinne by wurden dêr't betizing by ûntstean kin lykas 'sókke sokken', 'holle hólle', 'bolle, holle bóllehólle'(grapke), mar net by bygelyks boppe, op, bonke ensafh., want dat liket my oerboadige krekt. Oars, yn it Italjaansk besteane dizze twa o-lûden ek, ien dy't iepen en ien dy't sluten is. Con amore (beide sluten)'mei leafde', oggi e domani (iepen en sluten)'hjoed en moarn'. Op skrift meitsje se dêr ek gjin ûnderskied yn. Ús taallju meie der om my oer kedize.

    Lútsen

    BeantwoordenVerwijderen