zaterdag 10 april 2010

Taalbaas: Brúnsma, Fan der Mar en Hiemstra

De kâns is grut dat jo immen kenne dy't as efternamme Bruinsma, De Bruin of Dijkstra hat. Dy nammen wurde troch Frysktaligen útsprutsen as Brúnsma (mei lange nasale ú), De Brún of Dykstra. De grûnwurden bruin en dijk binne yn dy nammen dúdlik werom te finen, yn it Frysk: brún en dyk. Oare nammen dy't yn de útspraak oanpast wurde binne Boonstra-Boanstra (twalûd -oa-) en Jansma-Jânsma (mei lang nasaal â-lûd). Hoewol't it offisjeel mooglik is om dy nammen sa ek te registrearjen, wurdt dat amper of net dien. Brúnsma of De Brún sjocht men komselden op skrift. In strúntocht op it ynternet leveret foar de earste namme noch gjin hûndert fynplakken op, wylst syn Hollânske wjergader Bruinsma mear as 400.000 fynplakken hat. Dat sifer is wol wat fertekene om't Bruinsma ek bûten Fryslân foarkomt.
Yn de Fryske literatuer komt it ferfryskjen fan sokke nammen geregeld foar. Auteurs as Thys Kuiper (útsprutsen as Kuper), Tiny Mulder, Durk van der Ploeg en Paulus Akkerman litte Brúnsma's opdrave yn har boeken en ek de Brúnsma's fan it ynternet komme gauris út toanielstikken.

It falt op dat allinnich de lûding oanpast wurdt en dat de eleminten dêr't in namme út bestiet net 'oerset' wurde. Dat docht al bliken út Kuiper-Kuper: de -ui- wurdt in -ú-, mar yn it Frysk is in kuiper in kûper. Van der Meer of Straatsma ferskine ek net as Fan der Mar of Strjitsma.
By de registraasje fan efternammen yn 1811 binne meast Nederlânske foarmen opskreaun. Mar der binne ek skaainammen mei Fryske eleminten: Hiemstra en Soepboer. Yn de lêste namme ferwiist soep nei sûpe en net nei Nederlânsk soep.
In efternamme is in eigennamme en foarmet mei de persoan dy't him draacht in unyk wêzen.
Soene jo in Fryske efternamme ha wolle?

2 opmerkingen:

  1. Ja, hiel nijsgjirrich!
    Dykstra = dyk-sitter-a = bewenner/wenjend oan de dyk + twadde namfals-a
    Brúnsma = bruno-s-monn-a = soan fan Bruno
    Boarnstra = wenjend oan de Boarn (rivier)
    Feanstra = faan-sitter-a = bewenner/wenjend op it fean. Dus 'sma' en 'sema'= soan fan; 'stra'= bewenner fan, en 'inga'(Dotinga)= sibben en wurkfolk fan Dota = Doede.

    Wa fertelt ús soks op skoalle? Gjinien. Master en juffer witte it ek net. Nammen - ek plaknammen - fertelle in soad oer ús ferline. It soe algemiene kennis wêze moatte by alle Friezen.

    Groetnis, Lútsen (= Liûde soan = soan fan it folk) Is it net moai?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Neiskrift: likemin as dat de ferhollânske foarmen moai binne (spitich dat dy driuw nei 'feralgemiennederlânsking' der sa bot west hat by amtners yn it ferline) soene fernijfryske namme lyas Fan der Mar en Strjitsma ek raar en ûnwinsklik wêze. Want, Van der Meer: komt dat fan Fon thera Maar = fan de wetterrin (wat yn it Nijfrysk 'mear' wurden is, sjoch Mearum) dan soe dizze namme sa wurde moatte: Fan der Mear of Mearstra. Straatsma dêrfoaroer ís al Frysk en betsjut dus Soan fan Strate (?) (as der sa'n foarnamme west hat en dat silt wol). De namme Vaatstra haw ik in skoft op omstind, mar besef no dat it dus winlik Vaartstra is (mei yn de útspraak de útfal fan de 'r' foar in 't'), dat yn it nijfrysk dan dus Feartstra wêze soe (wenjend oan de feart). De Hollânsktalige amtnerij fan mear as fiif ieuwen klinkt troch yn ús nammen. En dat jout neat; it is diel fan ús skiednis. As myn namme Sijbe Gosse Tjepkema wie, soe ik him wol wizigje yn Sibe Goasse Tsjepkema, mei de Fryske útspraak asjeblyft.
    Groetnis Lútsen

    BeantwoordenVerwijderen