vrijdag 23 april 2010

Taalbaas Staveringshifker

Wat is in staveringshifker? In staveringshifker is in kompjûterprogramma dat yn in tekst neigean kin oft der staveringsflaters yn sitte. De Fryske Akademy hat tsien jier lyn foar it Frysk al sa’n staveringshifker ûntwikkele. De nijste ferzje is te krijen op cd-rom as De Fryske Taalhelp (ferzje 2.0).

Fûl en foel, adfertinsje
Hast eltsenien dy’t mei skriftlike taal dwaande is brûkt tsjintwurdich wol in staveringshifker. Krantesjoernalisten ek. Dan liket it frjemd dat men noch geregeld staveringsflaters tsjinkomme kin yn krantestikken, benammen yn Fryske stikken. Sa koe men lêsten yn in berjochtsje oer “Stuntburgers” yn dizze krante yn twa Fryske sitaten noch twa staveringsflaters tsjinkomme: “paginagrutte adfertinsje” en “Doe’t ik fûl”. “Adfertinsje” moat “advertinsje” wêze en “fûl” moat “foel” wêze. De earste fisket de hifker der wol út, mar de oare rekkenet er goed. Hoe kin dat? In staveringshifker is in opslach fan alle yn it Frysk foarkommende wurden. fûl en foel besteane beide yn it Frysk, mar ha ferskillende betsjuttings. Fûl betsjut fanatyk of deun en foel is de doetiid (verleden tijd) fan falle. De hifker kin net sjen hokker wurd op dat plak goed is. Sa is it ek mei wurden as dy (“die man”) en die (“ik/hij deed”) en lûk (“luik”) en loek (“ik/hij trok”). Men moat dus altyd noch wol efkes in tekst neilêze op dat soarte fan flaters. In hifker hellet it measte der wol út, mar net alles.

Gewurde litte?
Men kin jin ôffreegje: is it slim dat der wat flaters yn sitte? Men kin it sa meast ek wol begripe. En: yn it Nederlânsk sjocht men langer ek in soad flaters. Moatte we dat soarte flaters mar gewurde litte en ús der net oan steure?

2 opmerkingen:

  1. Nei oanlieding fan boppesteand stikje yn de LC fan hjoed, wol ik it neikommende kwyt.
    Ik skrieu regelmjittich in stikje foar bygelyks de doarpskrante. Ik doch dit skrieuwen altyd yn it Hollansk, wylts ik it Frysk ridlik behearskje, just om dit soarte flaters dy't jimme hjir neame, foar te kommen. Ik fyn dit mei jimme skande foar us Fryske taal, mar ik wol foarkomme om stikjes te publisearjen mei flaters. Miskien is it in idee dat jimme eat opsette wer 't je je stikjes hinne stjoere kinne foar korreksje. Dat soe it Frysk wis ten goede komme !

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Bêste Jikke,
    Taalbaas sels jout dy mooglikheid net. Op dit webstee: http://www.goedfrysk.nl/
    kinne se dy miskien helpe.
    Ast de ynternetbrowser Mozilla Firefox (en net Internet Explorer) brûkst, dan is it mooglik om in staveringshifker te brûken by it meitsjen fan weblochstikjes, e-mails yn bgl. gmail en hotmail. Sjoch hjir foar de Fryske ferzje fan Firefox.
    http://www.mozilla.com/fy-NL/
    By eventuele swierrichheden kinst in e-mail stjoere nei it taalburo fan de Fryske Akademy. Sjoch foar it adres op it webstee fan de FA: http://www.fryske-akademy.nl

    Mei freonlike groetnis,
    Hindrik Sijens (ien fan de taalbazen)

    BeantwoordenVerwijderen