tag:blogger.com,1999:blog-1924133639199279553.post3295469058650207141..comments2023-07-06T14:12:12.220+02:00Comments on Taalbaas: Taalbaas: Brúnsma, Fan der Mar en HiemstraTaalbaashttp://www.blogger.com/profile/10535524863857930977noreply@blogger.comBlogger2125tag:blogger.com,1999:blog-1924133639199279553.post-71144042088811151292010-10-19T14:37:10.660+02:002010-10-19T14:37:10.660+02:00Neiskrift: likemin as dat de ferhollânske foarmen ...Neiskrift: likemin as dat de ferhollânske foarmen moai binne (spitich dat dy driuw nei 'feralgemiennederlânsking' der sa bot west hat by amtners yn it ferline) soene fernijfryske namme lyas Fan der Mar en Strjitsma ek raar en ûnwinsklik wêze. Want, Van der Meer: komt dat fan Fon thera Maar = fan de wetterrin (wat yn it Nijfrysk 'mear' wurden is, sjoch Mearum) dan soe dizze namme sa wurde moatte: Fan der Mear of Mearstra. Straatsma dêrfoaroer ís al Frysk en betsjut dus Soan fan Strate (?) (as der sa'n foarnamme west hat en dat silt wol). De namme Vaatstra haw ik in skoft op omstind, mar besef no dat it dus winlik Vaartstra is (mei yn de útspraak de útfal fan de 'r' foar in 't'), dat yn it nijfrysk dan dus Feartstra wêze soe (wenjend oan de feart). De Hollânsktalige amtnerij fan mear as fiif ieuwen klinkt troch yn ús nammen. En dat jout neat; it is diel fan ús skiednis. As myn namme Sijbe Gosse Tjepkema wie, soe ik him wol wizigje yn Sibe Goasse Tsjepkema, mei de Fryske útspraak asjeblyft.
Groetnis LútsenAnonymousnoreply@blogger.comtag:blogger.com,1999:blog-1924133639199279553.post-67426606100431389792010-04-13T18:51:38.744+02:002010-04-13T18:51:38.744+02:00Ja, hiel nijsgjirrich!
Dykstra = dyk-sitter-a = be...Ja, hiel nijsgjirrich!
Dykstra = dyk-sitter-a = bewenner/wenjend oan de dyk + twadde namfals-a
Brúnsma = bruno-s-monn-a = soan fan Bruno
Boarnstra = wenjend oan de Boarn (rivier)
Feanstra = faan-sitter-a = bewenner/wenjend op it fean. Dus 'sma' en 'sema'= soan fan; 'stra'= bewenner fan, en 'inga'(Dotinga)= sibben en wurkfolk fan Dota = Doede.

Wa fertelt ús soks op skoalle? Gjinien. Master en juffer witte it ek net. Nammen - ek plaknammen - fertelle in soad oer ús ferline. It soe algemiene kennis wêze moatte by alle Friezen.

Groetnis, Lútsen (= Liûde soan = soan fan it folk) Is it net moai?Anonymousnoreply@blogger.com