woensdag 11 december 2013
Konsekwinte bynwurden
Wurden lykas omdat, trochdat, neidat, ensfh. binne bynwurden (Holl. Voegwoorden). Se hawwe in febiningsfunksje yn gearstalde sinnen. Se einigje op dat, mar dat wurdt faak ferkoarte ta 't (apostrof + t). Om fan in wurd in bynwurd te meitsjen, moat der dat of (meastal) 't oan fêstplakt wurde. Foarbyld: hat er ferteld, wannear't er komt? Of: witsto, hoe't dat moat?. It Hollânsk hat dy apostrof + t net, wylst it Frysk dêr hiel konsekwint yn is. Dat hat net altyd sa west. By it lêzen yn Rimen en Teltsjes falt it op dat dy 't faak ûntbrekt. De Halbertsma's wienen yn de njoggentjinde ieu sa konsekwint net as de Friezen fan hjoed-de-dei.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Dy apostrof 't is somtiden in lêstgenien. Omdat - om't, trochdat - troch't (der is ek noch troch 't). Mar by wannear't en hoe't is de 't dochs gjin 'dat' mar 'oft'?
BeantwoordenVerwijderenHat er ferteld, wannear oft er komt
Wisto, hoe oft dat moat?
Yn de de sinnen 'Hat er ferteld, wannear oft er komt?' en 'Witsto, hoe oft dat moat?' kin 'oft' ferfongen wurde troch apostrof+t (wannear't en hoe't binne ûnderskikkende bynwurden). Yn de sinnen "Witst hoe let oft it is?" en "wy sille sjen hoefolle minsken oft der komme." kinne wy net sûnder 'oft'. As de ynhâld fan de bysin freegjend of ûnwis is, wurdt 'oft' foar kar nommen. 'Oft' is op himsels al in bynwurd, ûntstien út 'ofdat'.
BeantwoordenVerwijderenC. fan Trimbeets.
Alle tank oan dizze geweldige man mei de namme Dr. Agbazara, de grutte tsjoender, dy't de freugde yn my werom brocht hat troch my te helpen myn leafste werom te bringen dy't fjouwer moannen lyn mei my útmakke hat, mar no by my is mei de help fan Dr. Agbazara, de grutte leafdes tsjoender. Alle tank giet út nei him, jo kinne ek kontakt mei him opnimme foar help as jo him nedich binne yn tiden fan problemen fia: 📧 ( agbazara@gmail.com ) jo kinne ek WhatsApp: ( +2348104102662 )
BeantwoordenVerwijderen