dinsdag 3 januari 2012

Russyske keizer

De oergong fan k nei ts(j) yn wurden as kaastsiis, keteltsjettel wurdt assibilaasje neamd.
It Latyn hat dat ferskynsel ek meimakke. It wurd keizer komt fan de namme (Julius) Caesar. It Russyske tsaar allyksa, omdat caesar earst mei in k útsprutsen waard en letter mei ts. Witte jo faaks noch mear foarbylden?

5 opmerkingen:

  1. Ús buorfrou hjitte Hantsje, myn skoansuster hjit Jantsje, sjochdêr Hanneke en Janneke út it bekinde berneferske. Neffens my passet mantsje-manneke der ek by. Snits-Sneek en Frjentsjer-Franeker binne foarbylden fan âlde plaknammen. Sa ek de tiidwurden meitsje-maken, reitsje-raken en weitsje-waken, tsjetterje-kwetterjen en tsjirmje-kermen. Fierders wat âlde wurden as tsjoar-koord, tjsep-knap, tsjêf-kaf, tsjernje-karnen, tsjoed-kwaad, drits-drek en wurden as tsjerke-kerk (ferlykje Ingelsk-Skots church-kirk), tsjeak-kaak (Ingelsk cheak), tsjelk-kelk (Ingelsk chalice). Oarsom komt it ek foar, yn bygelyks plak(namme)-plaats(naam) en der binne grif mear.
    Peter de Boer - Boalsert

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Soe it ek sa wêze kinne dat it Perzyske sjah ek besibbe is oan caesar en tsaar?

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Jimme neame de oergong fan 'k' nei 'tsj' assibilaasje. Neffens 'Van Dale'is dat: ontwikkeling van een plofklank (dens) tot een affricaat (Zahn). Ik haw earder leard dat dy oergong 'palatalisaasje' neamd waard. 'Van Dal' seit dêr fan: de articulatiebasis verplaatsen naar het harde verhemelte(de 'k' van kerk in het Fries tot de 'tsj' van tsjerke).
    It lêste liket my krekter. Wat fine jimme der fan? Wannear is dy oergong yn it Frysk bard?

    Mei in freonlike groet
    Wiebe Lageveen

    BeantwoordenVerwijderen
  4. It wurd sjah is net besibbe oan keizer. Sj. foar de etymology fan sjah:

    etymologiebank

    BeantwoordenVerwijderen
  5. Bêste Wiebe,

    Beide termen kin men hjir brûke, mar se betsjutte ferskillende saken.

    De term "assibilaasje" beskriuwt hoe't in plofklank feroaret yn in sisklank. Dat kin in "s", "sj", "z" of "zj" wêze, mar soms is assibilaasje ek ûnfolslein en ûntstiet in kombinaasje fan in plofklank en in sisklank, lykas "tsj". Sa'n kombinaasje neame wy in affrikaat.

    De term "palatalisaasje" of "palatalisearring" betsjut wat oars. By palatalisaasje drukt men by it útsprekken fan in klank de tonge tsjin it boppest fan 'e mûle, it saneamde palatum. Dêrtroch begjint dy klank op in "j" te lykjen. It resultaat fan palatalisaasje kin de sisklank "sj" wêze.

    Yn it Frysk komme beide ferskynsels foar. Assibilaasje ha wy bygelyks yn wurden lykas "tsiis" en "lyts" (k->ts), "tsjettel" en "meitsje" (k-tsj), "lizze" (g->z) en it Ingelske "bridge" (g->dzj). Palatalisaasje ha wy ek yn "tsjettel" en "meitsje" (k-tsj) en fierder yn wurden lykas "jern" en "wei" (g->j).

    It begjin fan assibilaasje en palatalisaasje is net te datearjen. Yn de âldste Fryske teksten komme de ferskynsels al foar. Wol is dúdlik dat de prosessen hiel stadich ferrûn binne. Foarmen lykas "meitsje" komme pas oan 'e ein fan it Aldfryske tiidrek op en binne net iensen yn alle Fryske dialekten trochkrongen. It Hylpersk hat bygelyks "mekje" en it Noardfrysk "mååge". Fierders komme hjoed de dei noch farianten foar lykas elk/elts, melk/melts, kôkje/koaitsje, kirl/tsjirl, folk/folts(en).

    Assibilaasje giet sels hjoed de dei noch fierder. Yn it suden fan 'e provinsje heart men faak "sjerke" foar "tsjerke". It affrikaat "tsj" is dêr al yn in echte sisklank feroare.

    BeantwoordenVerwijderen