Op
it keatslân yn Winaam stiet op de kantine ‘De Moargen’. Party lju witte
net mear dat in moargen in lânmjitte is. Yn Fryslân komt dy beneaming
it meast op It Bilt foar. In moargen is in stik lân sa grut dat it op
ien moarn ploege wurde kin. Op It Bilt koe men mear as earne oars, want
de Biltske moargen is 92 are, wylst bygelyks de Rynlânske 85 en de
Gelderske mar 32 are is.
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik op: moargen
(en set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')
Geen opmerkingen:
Een reactie posten