dinsdag 17 januari 2012

Lavet

In lavet is net allinne in ûnderstel fan in kanon, mar ek in baai- of waskkûpe. Lavetten waarden nei de oarloch gauris yn wenningbouwennings pleatst. By ‘lavet’ tinke je faaks oan it Frânske tiidwurd ‘laver’ (waskje), mar it moat ek de ôfkoarting wêze fan de betinkers fan dy grutte waskbak: (R.R.) Laupman, (H.) van der Eerde en (F.H.P.) Trip.

Klik foar it Nederlânske Wikipedia-artikel oer lavet en hjir foar mear ynformaasje

Geen opmerkingen:

Een reactie posten