dinsdag 13 december 2011

Mei of sûnder lidwurd

De bern binne nei skoalle. Yn it Hollânsk wurdt dat ek sa sein: ze zijn naar school, sûnder lidwurd! Op snein geane de lju nei tsjerke (gjin lidwurd), mar yn it Hollânsk geane se nei de kerk. Ze gaan naar kerk is abnormaal taalgebrûk. Nei tsjerke gean is hiel gewoan. Steane jo wolris stil by sokke lytse ferskillen tusken talen?

2 opmerkingen:

  1. Yn Belzelân sizze se ek wol "We gaan naar 't school", net mei "de", mar mei "'t".

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Noch in steal dy't my yn 't sin komme: yn 'e sliep (in slaap), yn 'e hûs (in huis), op 'e souder (op zolder), by de tafel (aan tafel), op 'e tafel (op tafel), fan 't bêd (uit bed), yn 'e namme fan (in naam van), op 'e dyk (op straat), om bar (om de beurt), under/nei iten (onder/na het eten).

    BeantwoordenVerwijderen