Hieltyd
mear Friezen ferfange kaai troch sleutel. Dat is fansels Hollânske
ynfloed. Dochs komt sletel al yn de midsieuwen yn it Frysk foar. En kaai is ek net allinnich Frysk, it is ûntstien út keg, in wurd dat
wy yn it Hollânsk noch wol kenne foar in puntich stikje hout of metaal.
Dus: kaai of sleutel, it makket allegear net folle út. Of al?
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik op:
kaai
sleutel
(en set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')
Ik doch de foar- of achterdoar iepen mei in kaai en perfoarst net mei in sleutel, want dat is hollânsk. Dochs brûk ik wol sleutels. By it yn- en útelkoar heljen fan myn fytsen brûk ik gauris sleutel 8, sleutel 10, 12, 13 en 15. Ik bin dan mar raak oan it sleuteljen! Dyselde fyts set ik dan wer op 't slot mei in fytskaike.
BeantwoordenVerwijderenRikele Hollema, Earnewâld