Sûnenssoarch: bryk Frysk?
Fryske
wurden op -ens kin men net langer meitsje. Dus efter sûnens en feiligens kin men neat mear sette. Sûnenssoarch is eins bryk Frysk
en feiligensûndersyk heart nearne nei. It kin maklik oars: medyske
soarch en feilichheidsûndersyk binne treflik Frysk. Of net?
Yn myn eagen is 'sûnenssoarch' al wat oars en breder as 'medyske soarch', dat dat soe ik net sa gau as ferfanging brûke.. Punt is ek dat 'gezondheid' yn it Frysk net in wurd as 'sûnheid' ken. Dat silst it mei it wurd 'sûnens' dwaan moatte yn gearstallingen. En dan brûk ik leaver sûnenssoarch as in wurd of omskriuwing dat de lading krekt net dekt. Mei 'feiligens' en 'feilichheid' leit dat oars. Dêr brûk ik yn gearstallingen altyd 'feilichheid'.
BeantwoordenVerwijderenMirjam
Sûnenssoarch klinkt goed, is dúdlik, dus moai sa hâlde.
BeantwoordenVerwijderen"Soarch foar de sûnens" kin fansels ek noch.
BeantwoordenVerwijderen