dinsdag 26 april 2011

Appelskea: bedoarne apels?

It earste part fan de namme fan it doarp Appelskea slacht wol op appels, mar it twadde part hat neat mei skea te krijen. En ek net mei "gea", sa't faak tocht is. Nee, dat "skea" giet wierskynlik werom op "skag", dat boskje betsjut. De Stellingwerfske namme "Appelsche" komt dêrmei oerien. Appelboskje dus.

2 opmerkingen:

  1. Geachte Taalbaas
    Als reactie op de plaatsnaam Appelscha heb ik een vraag, ik heb eens iemand(ik dacht op tv)horen vertellen dat alle plaatsen met appel, dus Appelscha maar ook Apeldoorn afkomstig zijn van de god Apollo Wie heeft er nu gelijk?
    Tiny Wilhelmus
    Ravenswoud

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Bêste Tiny,
    Plaknammen as Appelskea, Apeldoorn, Appeltern en Aperloo wurde allegear yn ferbân brocht mei appels of appelbeammen. Apeldoorn komt fan Appoldro (yn 793) mei de betsjutting "by de appelbeammen". In ferbân mei de god Apollo liket wol moai en jout fansels ek "staus" mar leit net foar de hân. Apollo is in Grykske god dy't tusken 500 foar Kr. en 500 nei Kr. fereard waard yn Grikelân en Itaalje. En ûnder oare nammen troch de Galliërs en oare Kelten. Fan Germanen is sa'n ferearing net bekend. Gj. Jelsma, Afûk

    BeantwoordenVerwijderen