It earste part fan de namme fan it doarp
Appelskea slacht wol op appels, mar it twadde part hat neat mei skea te krijen. En ek net mei "gea", sa't faak tocht is. Nee, dat "skea" giet wierskynlik werom op "skag", dat boskje betsjut. De Stellingwerfske namme "Appelsche" komt dêrmei oerien. Appelboskje dus.
Geachte Taalbaas
BeantwoordenVerwijderenAls reactie op de plaatsnaam Appelscha heb ik een vraag, ik heb eens iemand(ik dacht op tv)horen vertellen dat alle plaatsen met appel, dus Appelscha maar ook Apeldoorn afkomstig zijn van de god Apollo Wie heeft er nu gelijk?
Tiny Wilhelmus
Ravenswoud
Bêste Tiny,
BeantwoordenVerwijderenPlaknammen as Appelskea, Apeldoorn, Appeltern en Aperloo wurde allegear yn ferbân brocht mei appels of appelbeammen. Apeldoorn komt fan Appoldro (yn 793) mei de betsjutting "by de appelbeammen". In ferbân mei de god Apollo liket wol moai en jout fansels ek "staus" mar leit net foar de hân. Apollo is in Grykske god dy't tusken 500 foar Kr. en 500 nei Kr. fereard waard yn Grikelân en Itaalje. En ûnder oare nammen troch de Galliërs en oare Kelten. Fan Germanen is sa'n ferearing net bekend. Gj. Jelsma, Afûk