zaterdag 23 januari 2010

taalbaas literatuer

Fan wa is it folgjende fragmint:

It ûntgie de buorfrou net. ‘Sjochst no wol? Hy hat al in frommes by him! Dy wie hjir fan ’e moarn ek al. Sjoch mar, se skaait dêr foar it rút om. Is ’t net skandalich? Dat sa’n man him net skammet. Amper is syn frou by him wei of hy slacht al mei in oaren om!’ De permanintkroltsjes skodden noch lang hinne en wer.

A. Paulus Akkerman
B. Froukje Annema
C. Riek Landman

Klik hjir foar it goede antwurd

1 opmerking:

  1. Op side 13 fan de Ljouwerter Krante stiet dat it in stikje is út it boek Maleur yn Maaie fan Froukje Annema. Se wie neffens de krante "in follesidich auteur". It fernuveret my dat yn dizze rubryk, dy't bedoeld is om it Frysk te befoarderjen, it wurd "follesidich" brûkt wurdt. Want dat wurd bestiet net yn it Frysk.

    BeantwoordenVerwijderen