vrijdag 15 januari 2010

Taalbaas Stavering

De stavering fan it “û”-lûd

Stavering is in kwestje fan regels en ôfspraken. Prinsipes wurde ôfpraat, mar ek de útsûnderings dêrop. It wichtichste prinsipe by talen lykas it Frysk is, dat foar elke spraakklank in teken (in letter of in kombinaasje fan letters) brûkt wurdt. Der binne talen dy’t net per klank, mar per wurdlid (lettergreep) staverje; dat skynt benammen by it lêzen tige handich te wêzen. Der binne ek talen dy’t foar elk begryp (wurd) in teken hawwe; tink oan it Sineesk.

It prinsipe fan ien klank = ien teken wurdt yn de measte talen net lang folholden. Yn it Frysk is it oe-lûd (û-lûd) dêr in foarbyld fan. Dat lûd kin lang of koart wêze, mar beide kinne se sawol mei oe as mei û stavere wurde. Foarbylden: de koeke (lang), it boek (koart), it hûs (lang) en de grûn (koart). Yn tiidwurden kin mei oe en û de tiid oanjûn wurde: ik lûk (notiid) en ik loek (doetiid). As regel krije tiidwurden yn de doetiid oe, wat betizing mei oare wurden dêr’t in û-lûd yn sit, tefoaren komt: ik sloech en ik bin slûch kinne wy sa moai útinoar hâlde.

En dan is der noch de oe as twalûd, suver altyd stavere mei oe. Dat twalûd wurdt yn it Hollânsk altyd folge troch de r, mar yn it Frysk komt it ek foar oare klanken foar. Fansels hawwe wy boer en koer, mar ek hjoed, goes, stoel en ik haw sjoen.
Wat is it dochs dreech..., mar al dy ôfwikings fan de regel(s) binne goede arguminten foar, dat it kin hast net oars.
Wa’t in oplossing wit foar ditsoarte problemen yn ús staveringssysteem, moat him mar oppenearje.

1 opmerking:

  1. It is flokken yn de tsjerke wat ik no sizze sil, mar wy koene de u-breed (û) ek ôfskaffe en ferfange troch 'oe'. Is it lûd lang dan foegje wy der in 'h' oan ta. Foarbyld:

    'Oender de boehkebeam leit in boek'.

    Foar it twalûd koene wy ôfprate, dat dy skreaun wurdt as 'oee'. Dan kriget men in folgjend wurdbyld:

    'Hjoeed haw ik oender de boehkebeam in boek lêzen oeer in goees yn in reiden koeer.'

    Mar it kin ek oarsom. Wy koene de 'oe' ek ôfskaffe en allinne de u-breed brûke. It lange lûd skriuwe wy as 'ûh' en it twalûd as 'ûe'. Sadwaande soe de boppesteande sin wurde:

    'Hjûed haw ik ûnder de bûhkebeam in bûk lêzen ûer in gûes yn in reiden kûer.'

    Hoe bylket dat? It wurdbyld feroaret gâns. Ik kin noch wol mear betinke, wêrtroch't de stavering mear eigenskip kriget, logysker wurdt. Mar dan soe it wurdbyld sá bot wizigje, dat elk wer op 'e nij lêzen leare moatte soe. Bygelyks, de lûdbrekking altyd sjen litte:
    beam-bjemmen-bjemke/stûel-stuollen/stien-stjintsje/doar-duarke/fuarinuar ensfh. Mar oft it wol ea sa fier komt? En is it winsklik?

    Lútsen

    BeantwoordenVerwijderen