vrijdag 8 januari 2010

Taalbaas: Thús op it web

It ynternet is in machtich moai plak om wat om te sneupen. Jo kinne winkelje by de Afûk, ferdwale yn de Wikipedia en foto's sjen op Flickr. Der binne gâns nije wurden ûntstien om it ynternet hinne en homepage, (web)site, (web)page binne dêr foarbylden fan.

Website - Homepage - Webpage
De website is it plak op it web of ynternet dêr't beskate ynformaasje te finen is. It is alle ynformaasje dy't de Fryske Akademy bygelyks opslein hat efter it adres www.fryske-akademy.nl. Alles oer de Fryske Akademy (ûndersyk, útjeften, taalburo ensfh.) heart dêrby. Frysk foar website is webstee en (minder gaadlik) webstek.
De homepage is de earste side op in webstee mei keppelingen nei oare siden fan itselde webstee of nei oare websteeën. Op de homepage fan de Afûk kinne jo bygelyks klikke op kursussen om op it part mei ynformaasje dêroer te kommen. Foar homepage kinne yn it Frysk thússide, begjinside of hiemside brûkt wurde.
In webpage is in side dy't op in op it ynternet oansluten kompjûter ynladen wurdt. By Tresoar kinne jo sa de side 'Fryske skriuwers' oanklikke en besjen (elke skriuwer is ek wer in 'page'). It Frysk hat dêr wol webside foar.
De wurden (web)side en (web)site jouwe wolris betizing. Site wurdt dan brûkt as side bedoeld wurdt en oarsom. In fûstregel is: page (pagina) oersette mei side: webside, thússide, begjinside, hiemside. It Ingelske site (plak) wurdt stee: webstee.

Ynternet is anargy
De frijheid fan ynternet kin fansels ek meitsje dat jo jo neat oanlûke fan taalregeltsjes en ôfpaste wurdbetsjuttings. Brûke jo prinsipieel Fryske kompjûtertermen of brûke jo leaver Ingelsk? Of is Nederlânsk bêst genôch: lit it ús witte en reagearje hjirûner of skriftlik: Afûk Taalbaas, postbus 53, 8900 AB Ljouwert.

1 opmerking:

  1. Ik brûk safolle mooglik de Fryske kompjûter-termen. In protte Ingelske wurden komme hjoed de dei as hagel en sied opsetten en kinne grif wol opkeard wurde. Fia de 'hiemside' fan de FFU kin men in list ynhelje. Foar "webstee" brûk ik leaver "reachplak", foar "hiemside", "myn eigen eker". Mar hjirmei is men al rêd in 'oansteller'. It hat alles te krijen mei taalamplitude. Och, ik doch myn plicht en lit de lju mar rabje!

    BeantwoordenVerwijderen