zaterdag 6 februari 2010

Taalbaas Dwers-foar-de-bek

As men berne is út Klaaifryske âlden yn it Wâldfryske Twizel, dêrnei opgroeide yn Drachten en no wennet yn Ljouwert, dan hat men hiel wat fan de wrâld sjoen en gâns meimakke. Nim no de griente dy't yn de winkel yn de fariaasjes snijboon, sperzieboon of bruine boon te keap is. Al sjogge se der allegear ferskillend út en smeitsje se elk foar oar oars, úteinlik giet it allegear om deselde soarte griente. Mar mei de nammen leit it wat dreger.

As men in miel sparrebeantsjes(want dat sizze se op 'e Klaai tsjin sperziebonen, fan Nederlânsk aspergeboon) of griene beantsjes foarset krige, wienen dat yn Twizel pûltsjes (= beantsjes yn de pûl). Wenne men yn Drachten, dan koe men dêr ek net mei beantsjes oankomme. Beantsjes binne dêr brune beane of oars wol wâldbeantsjes. En it wurd dat yn Drachten foar de sperzieboon brûkt wurdt klinkt jin wol hiel frjemd yn 'e earen: sokssawat as tesjetten, offisjeel stavere as tusearte (dat komt fan Turkske eart). En yn Ljouwert neame se griene beantsjes groene boantsjes of slaboantsjes.

Dwarse sparrebeantsjes
Rûchwei kin sein wurde dat de Nederlânske sperzieboon yn it Frysk sparrebean, slaadbean, griene bean, prinsessebean, fine bean, pûltsje of tusearte hjit. De farianten mei bean yn de namme komme it meast yn it noarden en westen fan Fryslân foar, ûnder oaren yn de túnbouhoeke. Pûltsje is de namme fan de noardlike Wâlden en tuseart dy fan de súdlike Wâlden.

Op grûn fan in frjemd uterlik wurde soms brike nammen betocht foar guon saken. Sa is fanwege syn lingte it sparrebeantsje wol betitele as dwers-foar-de-bek. En dat hat der wer ta laat dat fan immen mei in grutte mûle (letterlik of figuerlik) sein wurdt: Hy yt de sparrebeantsjes dwars.

5 opmerkingen:

  1. De taalgrins tusken pûltsjes en tusearten leit blykber oer it Prinses Margrietkanaal, alteast by Skûlenboarch.
    Myn Mem komt van Jistrum, se hie it thús altiid oer pûltsjes.
    Myn Heit komt fan it Heechsân, hij hie it altiid oer tusearten.

    Jo begripe wol, ik bin mei beide begrippen grut brocht. It smakke poerbêst.

    Sa binne we mei noch in oar wurd grutbrocht.
    It platte rûne ding wer´t we de pûltsjes/tusearten út iten neamde ús Mem in Panne, wylst ús Heit it hie oer in Board

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Haha echt GENIAAL ol die nammen. Foar mij bin it 'tesjetten' & sa heb ik it iene klaai ek brocht, maar der kinne se it sa net &wurde ik gewoarn utlake maar nou fiene we it prachtig! Leuk skreun ek;)

    Leafs

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Moai om te lêzen, dit stik útlis. Ek wat apart, ús beppe út de Pein / de Rottefalle hie ek altiten pûltsjes op'e tún (sperziebonen dus). De taalgrins leit wat bryk troch de Wâlden hinne.

    Fanút myn skoanfamylje (út ûmjouwing Drachten/de Rottefalle) praat ik no ek oer tesjetten mar ha nea witten dat jo it as tusearte staverje.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Hoe wurdt "tuseart" eins útsprutsen?
    Omdat it oer earten giet so ik sizze tús-eart, mar it liket derop dat it útsprutsen wurdt as tu-seart

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Datselde hew ik altiten had met 'dop-erwten' (gyn idee hoe't die in goed Bildts hite), maar ik hew 't altyd útsproken as DOPpertsys. Gyn idee dat 't wat met orten te krijen had.

      Verwijderen