zaterdag 20 februari 2010

Taalbaas Nammekunde

AEbele en Taeke
Ut en troch komt men Fryske nammen tsjin mei ae, bygl. AEbele en Taeke. Fan de earste komme in hiele boel farianten foar: AEebele, Aebele, Abele en Ebele. Soms wurde se mei Æ stavere. Yn it Frysk wurde se útsprutsen as Eabele, respektivelik Teake. Itselde jildt foar nammen as Aezge, Aede, Aebe en Aege, dy’t yn it Frysk meast útsprutsen wurde as Eazge, Eade, respektivelik Abe en Age. In foarbyld fan in achternamme is Taekema.

Aldfryske ae is no ea
It falt by dy nammen op dat de skriuwwize meastentiids mei ae is, mar dat de útspraak no meast ‘ea’ is. Wy skriuwe dy nammen no dan ek yn it Frysk mei ea. De reden is dat de Fryske ea-útspraak (of ‘ê’) fan no tebekgiet op in Aldfryske lange ‘aa’, faak stavere as ‘ae’. Lykas yn in plaknamme as Aegum, no Eagum. It ferskil yn skriuwwize is oars net as it ferskil yn útspraak tusken Aldfrysk en Nijfrysk. Allinnich yn de nammen Age en Abe liket de Aldfryske útspraak hingjen bleaun te wêzen.

‘ae’ “misspelling”?
Der is ek wol tocht dat de skriuwwize mei ae fan dizze nammen ûntstien is troch de ûnbekendheid mei hoe’t jo in ea-lûd staverje moasten, by it ynfieren fan de nammen yn 1811. Winkler hat it yn syn Friesche Naamlijst út 1911 nammentlik oer “misspelling”. Mar it kin ek wêze dat dizze nammen al langer oerlevere binne mei ae.
It soe lykwols net ferkeard wêze as ditsoarte fan Fryske nammen no mei ‘ea’ stavere wurde soene, útsein Abe en Age, om in ferkearde útspraak foar te kommen. Sadat bygelyks Taeke Taekema, in bekende hockeyer út Amsterdam, as Teake Teakema troch it libben gean kin yn stee fan “Take Takema”.

1 opmerking:

  1. Us âldste soan stjit ynskreaun as Gaele, mar wy
    skriuwe meastal Geale. Hy is nei syn pake neamd
    en omdat die ek sa ynskreaun stie. Wy tochten
    ek dat it in "misspelling" wie mar ha it dochs
    sa oernaem.
    Us soan wennet al jierren yn Eerbeek, mar lit
    him ek dèr gewoan Geale neame, as fûnen de minsken dat earst wol wat frjemd. Se seinen dan
    Gale of soks sawat, mar hy sei dan: it is mei in ingelske G en die kin elts wol.

    No witte wy wat mear oer die ae skriuwwize.

    W. de Haan, De Westereen.

    BeantwoordenVerwijderen