zaterdag 26 september 2009

Taalbaas Stelling

Slach by Warns net mear betinke?

Alle jierren wurdt ein septimber op it Reaklif de Slach by Warns betocht. Dy slach wie op 26 septimber 1345. Yn dy tiid wie Fryslân as útsûndering yn West-Europa frij fan greeflik gesach. Yn oare lannen hienen de greven as fertsjintwurdigers fan de Dútske keizer har macht mear fêstige en útwreide. Yn de Fryske lannen tusken Sudersee en Wezer wie dat krekt oarsom. Yn 1345 woe de greve fan Hollân dêrom syn macht útwreidzje oer Fryslân. De Friezen hienen dat oankommen sjoen: syn leger waard by Starum (net Warns) troch in legerke Friezen opwachte en ynmakke.

De Friezen tsierden mei troch it ûntbrekken fan eigen sintraal gesach dêrnei gewoan troch, sadat der fan selsstannigens al gau net folle mear oerbleau. De Slach wurdt betocht út de idee dat Fryslân syn frijheid justjes langer as oaren behâlde koe.


Dêrom de neikommende stelling: “It hat gjin doel om de Slach by Warns te betinken”. Mei iens/net mei iens?



Reaksjes kinne ek stjoerd wurde nei
http://taalbaas.blogspot.com/.
of Afûk Taalbaas, Postbus 53, 8900 AB Ljouwert

zaterdag 19 september 2009

Taalbaas: nammekunde

Warns:

A Komt fan it Fryske tiidwurd jin ferwarje nei oanlieding fan de slach by Warns dy’t dêr plak fûn hat.

B Komt fan de persoansnamme Ward en Aldfrysk –ingi. Warns betsjut dan folk fan Ward.

C Komt fan de persoansnamme Ward en it wurd ‘loo’, dat boskje betsjut. Warns betsjut dan boskje fan Ward.

Klik hjir foar it goede anturd

zaterdag 12 september 2009

Taalbaas Stavering

Lûden (klanken) kinne koart en lang wêze, mar der binne ek twalûden. It is net altyd dúdlik hoe’t dat yn de stavering oanjûn wurde moat. Hokker fan de trije wurden hjirûnder is goed stavere?

A. figuur
B. figúr
C. figuer

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 5 september 2009

Taalbaas Stavering

Yn de gearstalling hjirûnder (skiep en wol binne ta in nij wurd gearfoege) kin de brekking (feroaring fan útspraak) oanjûn wurde, mar moat dat wol? En hoe dan? Wat is de goede skriuwwize, A, B of C?


A. skjippewol

B. skieppewol

C. skiepewol

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 29 augustus 2009

Taalbaas Earmetakke útdiele

Yn in fuotbalwedstriid krige in spiler read om't er in earmtakke útdield hie. Fuotballers diele blykber mear as allinne hantekenings út. Yn it Frysk Hânwurdboek stiet by útdiele: '(fan in hoemannichte, foarried) oan elk fan in tal persoanen in diel jaan'. As dat tapast wurdt op earmtakken útdiele, komt it net goed. Wat yn it wurdboek stiet is net ferkeard, mar kin net tapast wurde op in earmtakke útdiele. De fuotballer hat gjin foarried earmtakken en hy jout oan mar ien oare spiler in 'hiele' earmtakke en net in diel dêrfan. En nei't er him útdield hat is de oare fuotballer ek net yn it besit kommen fan de earmtakke fan de útdieler. De betsjutting fan útdiele is dus breder as wat yn it wurdboek stiet.

It útdielen yn ús foarbyld giet fierder: it giet net mear om 'ompartsjen oan elk út in foarried', mar om 'jaan, skinken'. As útdielen ienkear dy útwreiding fan betsjutting krigen hat, kinne der neist konkrete saken as jild, folders, rekkenboekjes ek minder materiële dingen útdield wurde: boetes, bonnen en bekeurings, oarders of straffen. En noch figuerliker: in politikus dy't de swarte pyt útdielt. En de siswize: de lekkens útdiele (alles regelje, te sizzen hawwe, de baas wêze). Dat earmtakken útdield wurde kinne, sil úteinlik wol komme fan in klap, stomp (mei de earmtakke) jaan, útdiele.
Der is in siswize: Hy stie by it útdielen efter de doar (hy hat net folle ferstân meikrigen). De konklúzje kin wêze dat men by it útdielen fan earmtakken better efter de doar stean kin en dat de útdieler net folle ferstân meikrigen hat.
Kin in earmtakke útdiele neffens jo yn it Frysk? En sa net, hoe sizze wy it oars?