zaterdag 26 september 2009

Taalbaas Stelling

Slach by Warns net mear betinke?

Alle jierren wurdt ein septimber op it Reaklif de Slach by Warns betocht. Dy slach wie op 26 septimber 1345. Yn dy tiid wie Fryslân as útsûndering yn West-Europa frij fan greeflik gesach. Yn oare lannen hienen de greven as fertsjintwurdigers fan de Dútske keizer har macht mear fêstige en útwreide. Yn de Fryske lannen tusken Sudersee en Wezer wie dat krekt oarsom. Yn 1345 woe de greve fan Hollân dêrom syn macht útwreidzje oer Fryslân. De Friezen hienen dat oankommen sjoen: syn leger waard by Starum (net Warns) troch in legerke Friezen opwachte en ynmakke.

De Friezen tsierden mei troch it ûntbrekken fan eigen sintraal gesach dêrnei gewoan troch, sadat der fan selsstannigens al gau net folle mear oerbleau. De Slach wurdt betocht út de idee dat Fryslân syn frijheid justjes langer as oaren behâlde koe.


Dêrom de neikommende stelling: “It hat gjin doel om de Slach by Warns te betinken”. Mei iens/net mei iens?



Reaksjes kinne ek stjoerd wurde nei
http://taalbaas.blogspot.com/.
of Afûk Taalbaas, Postbus 53, 8900 AB Ljouwert

3 opmerkingen:

  1. Iens mei Bert Looper, de betinking moat ek sjen litte dat wy Friezen ek iepen stean foar nije Friezen, en (noch)net- Friestaligen!
    Foar in bitsje help mei de taal: www.hallofryslan.nl mei in Frysk wurdboek online

    BeantwoordenVerwijderen
  2. As de betinking inkeld út dy idee wei holden wurdt, dan hat it nea doel hân. Dy frijheid hie neat om 'e hakken. De stridende partijen kreauden en tsierden ommers al twahûndert jier om de macht yn Fryslân. Wat frijheid is dat? It ferlies fan frijheid dóe brocht wol rêst - ek in wichtich ding. Ik haw noch nea myn antlit sjen litten yn Warns, mar fiel wól dat dizze betinking mear is as inkeld weromtinke oan in seeslach, dy't wy wûn ha. Men kin it trochlûke nei hjoed en jin ôffreegje, hoe fier oft wy gean moatte mei ynskewielen (tastimme en ja-knikke). Moat OmropFryslân bygelyks om lyk gean (en dat diene se)foar in pear roppers en razers, dy't ha wolle dat de omrop him ferbrekt en de fiertaal feroaret as der troch sniefal ûngemak ûntstiet op 'e Fryske diken, wylst der fan in needsituaasje út noch yn gjin sprake is. Hoe frij binne wy dan, Eline?

    BeantwoordenVerwijderen
  3. sorry, myn namme is Lútsen

    BeantwoordenVerwijderen