dinsdag 8 februari 2011

Kin de namme Fokje net mear?

Guon âlden doare har dochter net Fokje te neamen, omdat oaren de namme mei it Ingelske 'fuck' assosjearje. Alhoewol't de lûden ò en u dochs wol ferskille, kin dat net mear lije. Mei Fokje is oars neat "mis": it komt fan it Germaanske "foke", dat folk betsjut. Lykas de jongesnammen Fokke en Foeke.

dinsdag 1 februari 2011

Frysk-Latynsk wurdboek

It earste Fryske wurdboek ferskynde yn 1872 en is skreaun troch Joast Halbertsma. It wurdboek is net folslein: it giet mar oan feer ta. Meastal stiet der yn it Latyn by wat de betsjutting is. In foarbyld út it wurdboek: buterje: It wol nat buterje, ‘res procedere nescit’ (betsjutting: it giet net neffens winsk). Is sa'n wurdboek de muoite wurdich?

dinsdag 25 januari 2011

Mear as ien

In meartal wurdt makke troch -n, -en of -s efter in wurd te setten. Ien krante, twa kranten. Ien tafel, twa tafels. Der binne útsûnderingen op dy regel. Dan kriget it meartal in oare foarm of it wurd hâldt deselde foarm: ien skoech, twa skuon. Ien ko, twa kij. Ien bern, twa bern. Ien skiep, twa skiep. Wa ken noch ien goes, twa gies (guozzen)?

dinsdag 11 januari 2011

Europeäne?

Ien út Europa (Jeropa wurdt net faak mear brûkt) is in Europeaan. De froulike foarm dêrfan soe Europeäne wêze kinne (lykas feterane fan feteraan), mar ek Europeaanse (lykas Meksikaanse fan Meksikaan). Mar nee, in Europeeske frou is in Europese.

dinsdag 4 januari 2011

Grut Frysk Wurdboek

Njonken it "Frysk Hânwurdboek" is der it "Wurdboek fan de Fryske taal". Dat beskriuwt twa ieuwen Frysk en jout betsjutting, útspraak en komôf fan wurden. Der steane ek gâns siswizen, sprekwurden en seldsume wurden yn. Mei-inoar jout it wurdboek 120.000 wurden en as it klear is telt it 25 dielen fan fjouwerhûndert siden elk. On-line is it al klear.

Klik foar de onlineferzje op: Wurdboek fan de Fryske taal