In meartal wurdt makke troch -n, -en of -s efter in wurd te setten. Ien krante, twa kranten. Ien tafel, twa tafels. Der binne útsûnderingen op dy regel. Dan kriget it meartal in oare foarm of it wurd hâldt deselde foarm: ien skoech, twa skuon. Ien ko, twa kij. Ien bern, twa bern. Ien skiep, twa skiep. Wa ken noch ien goes, twa gies (guozzen)?
Noch in pear bysûndere meartallen yn it Frysk:
BeantwoordenVerwijderenien man, twa manlju
ien frou, twa froulju
ien dei, twa dagen
ien wei, twa weien, mar ek twa wegen
ien reed, twa redens
Mei freonlike groetnis,
Klaas Vriesema fan Grou
Vriesema jout in moai nustje bysûndere meartallen yn it Frysk. Faaks binne der noch mear.
BeantwoordenVerwijderenIt regelmjittige meartal fan reed bestiet fansels ek: reden. Mar dan giet it om in oare betsjutting (rydpaad).
By weien en wegen is der ek betsjuttingsferskil.
It moaiste is noch wol dat de foarmen manlju en froulju ek yn gearstallings brûkt wurde, b.g. in manljusfyts of in frouljusferiening.
C. Veenendaal, Trimbeets