vrijdag 6 januari 2017

Te moai om wei? (1)


Ien fan dy amper mear brûkte âlde Fryske wurden is 'jamk'. It betsjut ûnder oaren 'gauris, faak' en 'gau, meikoarten'. Brûkt yn in foarbyldsin: 'Fan boartsjen komt jamk bargebiten', 'dat sil ik net jamk ferjitte'. Jamk kin ek 'goed, geunstich, treflik' betsjutte: 'wy hawwe it hjir jamk'. En yn boeken mei âlde siswizen stiet noch wol: 'eat yn de jamkste fâlde beslaan', mei as betsjutting 'eat oersljochtsje, it sa wol bêst fine' (Ned. met de mantel der liefde bedekken). 
Wat moatte wy mei sa'n wurd as 'jamk': stil weiwurde litte of is it te moai om wei?

Geen opmerkingen:

Een reactie posten