woensdag 11 januari 2017

In bytsje stom


Stomme letters komme yn it Frysk in soad foar. Yn it wurd dwers wurdt de r wol skreaun, mar net útsprutsen [dwes]; en in oar foarbyld: hy rydt te hurd [hut]. De r wurdt dan in stomme letter neamd. Mar der binne inkelde gefallen dêr't de r net sein wurdt, mar dochs in bytsje ynfloed hat op de útspraak. Wy sprekke bern net út as [ben], mar as [bên]. Under ynfloed fan de r wurdt de koarte e ferbrede ta ê (of ferlinge, sa't jo wolle). Dat jildt ek foar de wurden gers [gês] en (be)ferzen [fêzen]. De oanwêzichheid fan de letter r sil de reden wêze wêrom't dy wurden gjin kapke (breed teken) krije, hoewol't dat om 'e útspraak wol moatte soe. Tink derom dat fers en fersen (lieten) dy lange ê-útspraak net krije [fes, fessen].

Geen opmerkingen:

Een reactie posten